Perzen (toanielstik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
kt
Rigel 4:
It wie doedestiden trouwens tige ûngewoan om in toanielstik te basearjen op resinte histoaryske foarfallen, en ''Perzen'' is datoangeande de iennichste oerlevere klassike trageedzje wêrby't dat it gefal is. It stik datearret fan 472 f.Kr., doe't it (yn 'e mande mei de beide oare dielen fan 'e trilogy dêr't it ta hearde) opfierd waard as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it [[Feest fan Dionysus]]. Dêrby tsjinne de Ateenske [[steatsman]] en legeroanfierder [[Perikles]] as ''[[choregos]]'' (in soarte fan sponsor). ''Perzen'' wûn dat jiers de earste priis. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] ferskynde yn [[1993]].
 
===Trilogy===
Oarspronklik foarme ''Perzen'' it middelste diel fan in toanieltrilogy, mar de beide oare dielen binne net oerlevere, al witte wy de titels wol, dy't beide ferwize nei figueren út 'e [[Grykske mytology]]. It foarste part hiet fan ''Finéus'' en gie nei alle gedachten oer de rêding fan kening [[Finéus]], troch [[Jason]] en de [[Argonauten]], fan 'e tramtearring dy't de ysbaarlike [[harpij (mytysk wêzen)|harpijen]] him op befel fan 'e oppergod [[Seus]] ûndergean lieten. It trêde diel hiet fan ''Glaukus fan Potniai'' (of koartwei ''Glaukus'') en gie itsij oer de [[myte|mytyske]] [[Korinte|Korintyske]] kening [[Glaukus (soan fan Sisyfus)|Glaukus]] dy't opfretten waard troch syn [[hynder]]s om't er de goadinne [[Afrodite]] misjegene hie, itsij oer de [[Boeoasje|Boeoatyske]] boer [[Glaukus (boer)|Glaukus]] dy't in magysk krûd opiet dat him transformearre ta in seegodheid mei de jefte fan foarsizzing. Mei it each op 'e ûnderwerpen fan ''Finéus'' en ''Perzen'' liket de earste mooglikheid mear foar de hân te lizzen, mei't dan it tema fan godlike ferjilding de trije dielen fan 'e trilogy mei-inoar ferbine soe.
 
===Ynhâld===
''Perzen'' spilet yn [[Sûsan]], ien fan 'e haadstêden fan it Perzyske Ryk, dêr't de keninginne-mem, Atossa, ûngeduerich op nijs wachtet oer de oarloch fan har soan, kening Kserkses I, tsjin 'e Grykske stêdsteaten. Ut ûngerêstens fertelt Atossa wat wol "it earste ferslach fan in dream yn 'e skiednis fan it [[Jeropa|Jeropeesk]] [[toaniel]]" neamd is — in ûngewoan begjin foar in Aldgrykske trageedzje. Dan arrivearret der in deawurge boadskipper, dy't in detaillearre en libbene beskriuwing fan 'e Slach by Salamis en syn bluodderige gefolgen jout. Hy neamt de nammen fan 'e Perzyske legeroersten dy't sneuvele binne, mar fertelt dat Kserkses sels oan 'e dea ûntkomd is en ûnderweis werom nei Sûsan is. It hichtepunt fan 'e boadskipper syn monolooch (en de meast ferneamde passaazje fan it toanielstik) is de werjefte fan 'e striidgjalp fan 'e Griken: ''"Foarút, soannen fan Grikelân! Befrij / Jim heitelân, jim bern en froulju, / It thús fan jim foarfaars en de timpels fan jim goaden! / Rêd alles, oars is alles ferlern!"'' (r. 401-405).
 
By it grêf fan har ferstoarne man [[Darius de Grutte|Darius]] freget Atossa it koar om syn geast op te roppen. As hy fan 'e Perzyske nederlaach heart, feroardielet Darius de heechmoed dy't syn soan derta brocht hat om [[Grikelân]] binnen te fallen. Fral it yn syn eagen godslasterlike beslút fan Kserkses om in brêge oan te lizzen oer de [[Hellespont]] (of de [[Dardanellen]], de see-ingte tusken [[Lyts-Aazje]] en [[Jeropa]]), om sa it Perzyske leger flugger oerstekke te litten nei Jeropa, hat er gjin goed wurd foar oer. Foar't er him wer ôfjout, foarseit de geast fan Darius noch in folgjende Perzyske nederlaach (in ferwizing nei de Slach by Platéa, in jier letter). Dan arrivearret einlings Kserkses, klaaid yn teskuorde kladen en alhiel ferbûke troch syn tepletterjend ferlies yn 'e striid. De trageedzje einiget mei in [[klaachsang]] fan Kserkses oer de ûnbidigens fan 'e Perzyske nederlaach.
 
===Fryske oersetting===
De [[Frysk]]e oersetting fan ''Persai'' ferskynde yn [[1993]], ûnder de titel ''Perzen'', fan 'e hân fan klassyk [[oersetter]] [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]], dy't letter ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertaling fan [[Homêros]] syn ''[[Ilias]]'' en ''[[Odyssee]]''. Bruinsma brocht it toanielstik yn in boekje fan 21 siden yn eigen behear út. It is op te freegjen by [[Tresoar]] ûnder oanfraachnû. BUMA D 1287.
 
Rigel 19:
}}
 
[[Kategory:ToanielToanielstik]]
[[Kategory:Aldgrykske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]