Teäter (gebou): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat
L + synonym
Rigel 1:
[[Ofbyld:Sydney Opera House Sails.jpg|thumb|Teater yn Sidney, Austraalje]]
It '''teäter''' of '''skouboarch''' is in bouwurk mei in romte dêr't besikers plak nimme kinne yn ien fan de rigen mei sitplakken, om nei in [[toaniel|teäterspul]], [[kabaret]] as muzikaal barren sjen te kinnen. It teäter is sa boud dat alle besikers, mooglik mei technyske stipe, de opfiering hearre en sjen kinne.
 
Der binne ferskate teätertypen. Teäters kinne foar spesifike spultypen of krekt foar ferskillende soarten opfierings makke wêze. Der binne teäters foar [[iepenloftspul]]len dy't al as net tydlik binne. Der binne ek fêste teäters mei oerkaping, wêrfan de ynrjochting tige ferskille kin. Sa'n teäter kin bestean út in poadium en wat stuollen foar de besikers, mar kin likegoed bestean út in wat gruttere lúks ynrjochte teäterromte mei mooglik ferskillende besikersringen/balkons.