Jack Ruby: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Rigel 26:
 
Nei syn feroardieling ta de deastraf tekenen Ruby syn abbekaten, oanfierd troch [[Sam Houston Clinton]], berop oan by it Teksaanske Hof fan Berop foar Strafsaken, dêr't se beärgumintearren dat Ruby yn Dallas gjin earlik proses hân hie en nea hawwe kinne soe. Uteinlik, op [[6 oktober]] [[1966]], stelde it hof harren yn it gelyk en waard de deastraf oan kant reage. Der waard risselwearre om in nij proses te hâlden, te begjinnen yn febrewaris [[1967]], yn [[Wichita Falls (Teksas)|Wichita Falls]], doe't Ruby op [[9 desimber]] [[1966]] nei it ''Parkland Memorial Hospital'' yn Dallas brocht waard mei [[longûntstekking]]. De oare deis waard it syn [[dokter]]s út ûndersiken dúdlik dat er oan [[longkanker]] litte, mei útsaaiïngs yn syn [[lever]] en syn [[harsens]]. Tsjin ien fan syn bewekkers, help''sheriff'' Al Maddox, sei er doe dat er in hoart tefoaren in ynjeksje krigen hie foar [[ferkâldenens]], mar dat er no miende dat er ynstee ynjektearre wurden wie mei kankersellen, mei't er út 'e wei romme wurde moast om't er tefolle wist. Ruby stoar trije wiken letter, op [[3 jannewaris]] [[1967]], yn itselde sikehûs dêr't foar him John F. Kennedy en Lee Harvey Oswald stoarn wiene. De direkte deadsoarsaak wie in [[longemboly]], mar de ûnderlizzende oarsaak wie longkanker.
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Jack_Ruby ''References'', op dizze side].
----
 
{{commonscat|Jack Ruby}}
}}
Line 36 ⟶ 35:
{{DEFAULTSORT:Ruby, Jack}}
[[Kategory:Moardner]]
[[Kategory:Amerikaansk krimineel]]
[[Kategory:Minsken dy't yn ferbân steane mei de moard op John F. Kennedy]]