Harsens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Robot: Verplaatsing van 1 interwikilinks. Deze staan nu op Wikidata onder d:q1073
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: cs:Mozek is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 34:
By sûchdieren wurde de harsens omjûn troch bynweefselfluezen, de [[harsensfluezen]]. Dit is in systeem fan membranen dat de harsens skiedet fan de skedel. De fluezen binne fan bûten nei binnen opboud út it [[hurde harsensflues]], it [[spinnewebflues]] en it [[sêfte harsensflues]]. It spinnewebflues is ferbûn mei it hurde harsenflues dy't by elkoar soms as ien laach sjoen wurde. Under it spinnewebflues sit in romte wêryn it [[harsensfocht]] (ek serebrospinalis, serbrospinale floeistof of likwor ) sit. Hjiry "driuwe" de harsens. It harsensfocht sirkulearret tusken de lagen fan de harsensfluezen en troch holtes yn de harsens dy't wy [[fentrikelstelsel|fentrikels]] neame. Gemysk is it wichtich foar it metabolisme en meganysk is it wichtich as skokdimper. Bloedfetten komme it senuwstelsel binnen fia de romte boppe it sêfte harsensflues. De [[bloed-harsenbarriêre]], in funksjonele skieding tusken bloedfetten en harsensweefsel, beskermet de harsens diels tsjin [[toksine (gif)|toksines]] dy't mooglik mei it bloed mei binnenkomme.
 
De minsklike harsens wage ± 1 - 1,5 kilo. De massa en tichtheid fan de harsens binne sa heech dat de harsens ûnder harren eigen gewicht yn elkoar sakje as se net steund wurde. Meidat se driuwe yn it harsensfocht, reitsje se net beskeadige ûnder ynfloed fan de swiertekrêft. Omdat de skedel hurd en op in pear lytse iepenings nei ticht is, soenen de harsens net opswolle of útsette kine as der gjin harsenfocht wie; de druk soe by swollings en kniezings hurd oprinne ta wearden wêrby't gjin trochblieding mear mooglik is, mei de dea as gefolch. De ferdringbere harsenfloeistof ûnderfangt ek dit effekt foar in grut part.
 
=== Funksjes ===
Rigel 43:
Om bewegingen te koördinearjen hawwe de harsens in oantal parallelle systemen dy't spieren bestjoere. It motoarysk systeem bestjoert de bewegingen fan spieren, holpen troch de [[motoaryske skors]], de [[lytse harsens]] (it searebellum) en de [[basale ganglia]]. Uteinlik projektearret it systeem fia it [[rêgemurch]] nei de saneamde spiereffektors. Kearnen yn de harsenstamme bestjoere in soad ûnwillekeurige spierfunksjes lykas it sykheljen. Dêrneist kinne in soad automatyske hannelingen lykas refleksen stjoerd wurde troch it rêgemurch.
 
De harsens produsearje ek in diel fan de [[hormoan|hormoanen]]en dy't organen en [[klier]]en beynfloedzje. Oan de oare kant reagearje de harsens ek op hormoanen dy't op oare plakken yn it lichem produsearre binne. By sûchdieren wurde de hormoanen ôfjûn oan de bloedsomrin. De bestjoering fan in soad hormoanen ferrint fia de [[hypofyze]].
 
== Sjoch ek ==
Rigel 56:
[[Kategory:Anatomy]]
[[Kategory:Orgaan]]
 
{{Link GA|cs}}
 
[[pt:Encéfalo]]