Skiednis fan Sina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Robot: Verplaatsing van 3 interwikilinks. Deze staan nu op Wikidata onder d:q82972
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: es:Historia de China is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[FileOfbyld:Territories of Dynasties in China.gif|thumb|right|250px|<div class=small>De territoriale ûntwikkeling fan Sina ûnder de ferskate dynastyën.</div>]]
De '''skiednis fan [[Sina]]''' is hiel bot beynfloede troch de geografyske lizzing fan it lân. As in grutte oaze is it lân fan alle kanten omsletten troch natuerlike grinzen. Ten easten en ten suden leit de [[Grutte Oseaan]], oan de westkant it [[Tibetaanske heechberchtme]], en yn it noarden oer in lingte fan 1600 km de [[Gobywoastyn]]. Der binne wol tagongswegen, mar relatyf sjoen leit Sina frij isolearre fan ynfloeden fan bûten ôf. Lykwols is it ien fan de plakken op ierde dêr't de sivilisaasje útein sette.
 
== Prehistoarje ==
De earste [[Neolitikum|neolityske]] beskaving fan Sina wurdt troch argeologen de [[Jang-sjau-kultuer]] neamd. Sy wienen de earste lânbouwers en wennen yn in goardel fan east nei west, ferspraat oer it meast súdlik lizzende diel fan de fruchtbere ''"hege löss-flakten"'' yn de tsjintwurdige provinsjes Sjansy, Sjensy en Kansoe. Sy beskikten al oer klean fan jute of syde, as ek oer alderlei soarten ierdewurken potten, beskildere of bewurke mei flechtwurk en hienen de [[barch]] en [[hûn]] domestisearre.
 
De folgjende fase yn de Sineeske skiednis is neamd nei [[Loen-sjan]], it plak dêr't as earste fynsten dyn binne fan dizze typyske kultuer. It skiep en rûnderen waard domestisearre en de ferbou fan [[rys]] dy syn yntree. Troch de fynsten fan ferskate soarten grêven docht bliken dat harren kultuer al sosjaal differentisearre wie. De Ljoe-sjan kultuer wurdt derom ek wol sjoen as de basis fan de earste [[histoarje|histoaryske]] beskaving fan de Sina, dy fan de [[Sjang]].
 
== De earste hearskers ==
=== De Sjang ===
De Sjang-beskaving bestie neffens de tradisjonele tiidsberekkening tusken [[1766 f.Kr]] oant [[1046 f.Kr.]]. De ierste stedssintra dy't typearjend foar it Sjangtiidrek binne, lizzen yn it Lo-bekken, in fruchtber gebiet yn it uterste easten fan de Löss-flakten dat troch sydrivieren fan de [[Giele Rivier]] fan wetter foarsjen wurdt. Efterienfoljend hawwe sân stêden haadstêd west, dêr't [[Jin]] de lêste en grutste fan wie (1384 f.Kr.-1122 f.Kr.). De Sjang brûkten in tekensysteem dat sjoen wurdt as de foarrinner fan it lettere [[Sineeske skrift]].
 
It keninklik hof foarme it sintrum fan de Sjang-beskaving en troch de keningen waarden militêre ekspedysjes hâlden, dêr't de Sjang-kultuer oer it Noardsineeske leech troch waard ferspried. Lykwols wie it gebiet dêr't troch de Sjang-foarsten effektyf politike macht waard útoefene nei gedachten lytser. De grinsgebieten stienen ûnder it bewâld fan lokale hearskers, dêr't ien fan him tsjin de Sjang kearde.
 
=== De Tsjow ===
Yn de [[11e ieu f.Kr.]] foelen de [[Tsjow]] fanút it noarden oan en rukten op nei de haadstêd dy't troch har ferovere waard. It soe noch wol in ieu doarre foardat sy al it gebiet fan de Sjang-hearskers foarfêst yn hannen hienen. It sintrum fan har macht kaam te lizzen by de stêd [[Lo-jang]] dy't troch har stiften waard. Yn polityk en kultureel opsicht wienen sy de erfgenamten fan de Sjing. Harren grutste fernijing wie de yntroduksje fan it [[lienstelsel]]. Troch in systeem fan machtsdelegearing hienen de keningen fan de Tsjow in better grip op de grutte befolking as harren foargongers. Ferwanten en eallju krigen stikken lân bûten it keninklik domein tabediele sadat mear as 40 mei de Tsjow ferbûne fasaalsteaten ûntstienen.
 
Rigel 20:
De Tsjow-dynasty hâlde langer stân as alle oare dynastyen yn de skiednis fan Sina. De lêste kening regearre oant en mei [[256 f.Kr.]].
 
== It tiidrek fan de keizerriken ==
[[Ofbyld:Qinshihuangdi3.jpg|left|thumb|150px|Ofbylding fan Hwangty, de earste keizer]]
Yn [[221 f.Kr.]] ûnderwurp [[Kwin Sy Hwangty]], de kening fan de Tjin alle doedestiids steaten yn Sina en naam de titel fan ''hwangty'', ferhevene foarst of keizer oan. Hy wie in wrede hearsker. Yn de krigen dy't troch him fierd waarden, binne nei alle gedachten wol oardel miljoen deaden fallen. Oan dizze keizer hat Sina har namme te tankjen. Hy kreëarre in steatsysteem dat mei tuskenskoften mear as twa tûzen jierren lang stân hâlde soe. Maten en gewichten waarden standerdisearre, wetten kodifisearre en yn hiel it ryk kamen mar der ien munt en ien skrift.
 
Neidat in oantal jierren nei it ferstoarn fan Kwin Sy Hwangty oeral opstannen útbrutsen, brocht [[Lioe Tji]] yn [[208 f.Kr.]] as earste keizer fan de nije [[Han]]-dynasty frede. Ut dizze tiid datearret de grutste útwreiding fan Sina: nei it westen tsjin de ynfallende [[nomaden]]stammen út Sintraal-Aazje, nei it suden yn it tsjintwurdige Sina besuden de rivier de [[Jang-tse]] oant en mei it tsjinwurdige [[Fietnam]]. De Hantiid stiet bekend as ien fan de bloeiperioaden út de Sineeske skiednis en is opdield yn in westlik tiidrek (oant [[9|9 n.Kr.]] en in westlik tiidrek (9-[[220|220 n.Kr.]] troch it ferplakken fan de haadstêd fan it westen nei easten. It [[Konfusianisme]] waard yn dy tiid de offisjele godstsjinst, de [[Sineense Muorre]] kaam ôf. Nei it westen ûntstie de [[siderûte]] en yn [[105]] die [[Kai Lun]] syn wichtige ûntdekking fan [[papier]].
Rigel 33:
De grûnlizzer fan dizze dynasty wie de freesde foarst [[Djenghiz Kaan]]. Yn betreklik koarte tiid wist dizze in enoarm grut gebiet ûnder syn bewâld te krijen. It omfieme it tsjintwurdige [[Mongoalje]], Noard-Sina, [[Sintraal-Aazje]] en Súd-Ruslân oant en mei de grinzen fan it Arabyske [[Abassiden]]ryk. Syn opfolgers foegen letter noch parten fan it Midden-Easten en fan East-Jeropa der oan ta. De wichtichste keizer fan dizze dynasty wie [[Kubilai Kaan]] (1215-1294). Hy brocht soarge foar frede yn it hiele ryk en de ekonomy bloeide wer op. Keunst en kultuer krigen wer kâns ta ûntwikkeling te kommen. Skilderkeunst, de keramyk en de literatuer berikten nije hichten. Under syn bewâld besocht de Italjaanske ûntdekkingsreizger [[Marko Polo]] Sina.
 
De lêste Juan-keizer waard yn [[1368]] ferdreaun troch [[Hongwu]] dy't de [[Ming-dynasty]] stifte. Under dizze dynasty die Sina begjin [[15e ieu]] in goai nei wrâldhearskippij. Tusken 1405 en 1433 fear Admiraal [[Zheng He]] sânris nei lannen om de [[Yndyske Oseaan]], wêrfan trije kear nei de eastkust fan [[Afrika]], mear as 100 jier foardat de Jeropeanen útein setten mei de kolonisaasje fan it kontinint. Mar dizze besiking bruts ôf wêrnei in tiidrek fan isolemint folge.
 
Krekt doe't der út Jeropa wei mear omtinken kaam foar Aziatyske kultueren, stûke de kultuergroei yn Sina. It Ming-ryk wie oer har hichtepunt hinne. De lêste Mingkeizers wienen meastentiids swak en net tsjinsteande de Sineeske Muorre hie it lijen fan Mongoalske strooptochten en fanút see makken Japanske en Sineeske piraten de lange kuststripe ûnfeilich. Jeropa waard stadichoan konkurrint fan Aazje op it mêd fan [[wittenskip]] en [[technology]]. Yn [[1631]] brocht in grutte folksopstân in ein oan de Ming en de heal nomadyske Mantsjoes soenen mei har stamlieder [[Nurhachy]] de lêste dynasty fan Sina stiften.
Rigel 41:
Yn [[1894]] rekke it yn kriich mei [[Japan]] en omdat de Japanske striidkreften folle better útrêsten wienen as de Sineeske late it in ferpletterjende nederlaach. Sina moast Korea en Taiwan oan Japan ôfstean. Even krige foarstanners fan herfoarmingen it foar it sizzen. De anty-Westerske, mar misleare [[Bokseropstân]] (1899-1901) betsjutte in earnstich gesichtsferlies foar it keizerryk. Fergees besocht it har oan de tiid oan te passen, in militêre kûp soe lykwols in ein makke oan in tiidrek.
 
== De moderne tiid ==
=== Republyk Sina ===
Mei it ôfsetten fan de lêst Sineeske keizer yn [[1911]] kaam in ein oan in keizerryk, de republyk Sina waard útroppen. Fuort dêrnei ferklearren [[Mongoalje]] en [[Tibet]] harren ûnôfhinklik fan Sina en [[Tuva]] waard beset troch [[Ruslân]]. [[Sun Yat-Sen]], dejinge dy't de revolúsje oanfiere hie waard de earste presidint.
 
Rigel 49:
Foar Sina begûn de [[Twadde Wrâldkriich]] al yn [[1937]] troch de besetting fan [[Japan]] fan grutte gebietsdielen yn it easten mei û.o. de haadstêd. Dat part fan it lân waard liede troch in Pro-Japanske Sineeske Regering. Doe't Japan yn [[1945]] de kriich ferlear waard kaam oan dizze regearing in ein en waard it hiele lân wer ferienige ûnder de [[Kwo Min Tang]] ynklusyf Matsjoerije.
 
=== Folksrepubyk Sina ===
[[Ofbyld:Mao Zedong portrait.jpg|right|thumb|200px|Mao Tse-toeng]]
De ein fan de Twadde Wrâldkriich brocht lykwols gjin frede yn Sina. It lân foel wer te proai oan in boargeroarloch, no tusken de [[kommunisme|kommunisten]] fan [[Mao Tse-toeng]] en it republikeinske leger fan de Kwo Min Tang. Oan dizze oarloch kaam in ein yn [[1949]] troch de oerwinning fan de kommunisten. Mao Tse-toeng kaam oan de macht en de Kwo Min Tang regearing mei har oanhingers flechten nei [[Taiwan]]. Troch Mao waard in diktatoriaal bewâld festige mei in strike kontrôle oer it deistich libben yn Sina dat it libben kostsje soe oan miljoenen minsken.
Rigel 55:
Under Mao besette yn [[1959]] Sina [[Tibet]] en makke it lân de desastreuze [[kulturele revolúsje]] ([[1966]]-[[1970]]) mei en wilens de [[Koreaanske Kriich]] reagen Sineeske militêren de [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] út [[Noard-Korea]]. Mao krige help fan de [[Sowjetuny]] foar de ûntjouwing fan grutte yndustry yn Sina.
 
=== Tsjintwurdich ===
Nei de dea fan Mao yn [[1976]] bleau Sina foar it each kommunistysk, mar stadichoan waard it hieltyd frijer op it persoanlik en ekonomysk flak, wylst it lân dochs eleminten behâlde fan totalitarisme tsjinoer politike, religjeuske en etnyske minderheden. Oant en mei distiid wurdt it ienpartijstelsel yn Sina hanthavene en bliuwt it skeinen fan minskerjochten en korrupsje in probleem, benammen ten opsichte fan [[Falun Gong]] en [[Tibet]].
 
Rigel 66:
[[Kategory:Skiednis fan Sina| ]]
 
{{Link GA|es}}
[[nl:geschiedenis van China]]
 
[[nl:geschiedenisGeschiedenis van China]]
[[th:จักรวรรดิจีน]]