Ace Books: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 7 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q536795
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: en:Ace Books is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
'''Ace Books''' is in [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] [[útjouwerij]] dy't fêstige is yn [[New York City|New York]]. It is de âldste aktive útjouwerij dy't spesjalisearre yn 'e publikaasje fan [[roman|romans]]s en [[novelle|novellen]]n yn 'e sjenres [[science fiction]] en [[fantasy (literêr sjenre)|fantasy]]. ''Ace Books'' waard yn [[1952]] oprjochte troch [[útjouwer]] en [[redakteur]] [[Aaron A. Wyn]] en begûn syn bestean mei de útjefte fan [[detektiveferhaal|detektiveromans]] en [[western|westerns]]s. Al mei gauwens waarden ek oare sjenres oansnien, wêrûnder [[non-fiksje]], [[Goatyske roman|Goatyske romans]]s en [[romantyske roman|romantiek]]. De earste science fiction-roman waard yn [[1953]] útjûn en al binnen inkele jierren brocht ''Ace Books'' mear science fiction- en fantasytitels op 'e merk as detektiveromans en westerns mei-inoar.
 
Tegearre mei konkurrint ''[[Ballantine Books]]'' wie ''Ace Books'' yn it earste desennium fan syn bestean de wichtichste science fiction- en fantasy-útjouwer fan 'e wrâld. Nei de dea fan Aaron Wyn, yn [[1967]], rekke it mei de útjouwerij lykwols yn it neigean. Yn [[1972]] waard ''Ace'' oernommen troch ''[[Grosset & Dunlap]]'' en lettere fúzjes en oernames resultearren deryn dat it úteinlik in [[ymprint]] waard fan 'e ''[[Penguin Group]]''. It útjouwerstiim dat de útjeften fan ''Ace Books'' fersoarget, is teffens ferantwurdlik foar in oare ''Penguin''-ymprint, ''[[Roc Books]]'', al hawwe de beide hannelsmerken fierders beide in selsstannige identiteit beholden.<ref>Amberstone, Celu, ''An Interview with Editor John Morgan'' (www.sfcanada.ca).</ref>
Rigel 7:
Op it mêd fan science fiction en fantasy hat ''Ace Books'' yn syn begjinjierren it wurk útjûn fan grutte nammen lykas [[Robert E. Howard]], de geastlike heit 'e held [[Conan de Barbaar]], en ek hjoed de dei noch wurde der tige goed ferkeapjende titels publisearre ûnder de ''Ace''-ymprint, lykas de boeken fan [[Patricia Briggs]], [[Jim Butcher]], [[Jack Campbell]] en [[Mike Shepherd]].
 
== Keppelings om Utens ==
* [http://us.penguingroup.com/static/html/aboutus/adult/ace.html/ webside fan ''Ace Books'']
 
Rigel 18:
 
[[Kategory:Amerikaanske útjouwerij]]
 
{{Link FA|en}}