Josef Stalin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: no:Josef Stalin is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 12:
By de [[Russyske revolúsje]] fan maart [[1917]] wurdt Stalin net echt ferneamd. Manlju lykas [[Lenin]] en [[Leon Trotski|Trotski]] stienen yn de belangstelling. Mar Stalin klom wol hieltyd fierder omheech. Yn april wurde hy lid fan it Sintrale Komitee fan de Bolsjewistyske partij. Stalin wurke troch, mar die dit foaral efter de skermen. Yn it nije kabinet krige Stalin in ûnbekende post. Hy wurde minister fan Nasjonaliteiten. Hy soarge derfoar dat er altyd yn de buert fan Lenin bleaun. Yn [[1919]] wurdt Stalin lid fan it [[Polytburo]]. Dit wie in tige belangrike organisaasje. Stalin gie him hieltyd mear dwaande hâlden mei de organisaasje fan de partij. Fan 1922 ôf wie Stalin siktaris generaal fan de partij. Hy soarge sa foar de yn syn eagen goeie beneamingen yn de [[bolsjewistyske partij]]. De konkurrinten fan Stalin seagen wat der barde. Stalin wurde hieltiten machtiger en se koenen der neat tsjin dwaan.
 
 
[[Ofbyld:Portrait of Stalin in 1936.gif|thumb|right|230px|Stalin yn 1936]]
Oant 1922 wie Stalin ôfhinklik fan de beskerming fan Lenin. Mar Lenin koe dizze beskerming net mear jaan. Syn gesondheid gie hurd efterút. Foar Stalin net botte slim. Lenin fertroude Stalin net mear. It kaam sels ta spul yn [[1923]]. Dit hat Stalin nea tajaan wold. Nei de dea fan Lenin like it derop of soe [[Leon Trotski|Trotski]] de machtigste man fan de [[Sowjetuny]] wurde. Hy wie de man mei it talint en it garisma en net Stalin. Dôchs soe Stalin winne. Hy samle snel in groep machtige minsken om him hinne. Dêrneist die Stalin krekt as wie hy de meast logyske opfolger fan [[Vladimir Lenin|Lenin]]. Stalin beskuldige Trotski der fan dat hy net mear it goeie Marksisme oanhong. Yn 1925 wie Trotsky gjin bedriging mear. Yn [[1927]] moast Trotski nei Sibearje. Neidat hy twa oare machtige mannen útskeakele, [[Lev Kamenev|Kamenev]] en [[Zinovjev]], wie Stalin yn [[1928]] de hearsker fan de Sowjetuny.