Cascades: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Cascaderangemap.jpg|thumbnail|Cascadesberchtme]]
De '''Cascades''' of it '''Cascadesberchtme''' (yn de [[Feriene Steaten]] ''Cascade Range'' en yn [[Kanada]] ''Cascade Mountains'' neamd) foarmje in [[berchtme]] lâns de westkust fan de [[Feriene Steaten]]. It berchtme rint fan noard nei súd fanôf it suden fan [[Britsk-Kolumbia]], [[Kanada]] troch de [[Amerikaanske steaten]] [[Washington (steat)|Washington]] en [[Oregon]] oant yn it noarden fan [[Kalifornje]]. It gebiet is sa'n 1100 km lang en hat in trochsneed breedte fan 130 km. it heechste punt is [[Mount Rainier]] mei in hichte fan 4394 m. It berchtme bestiet út brede, besnijde toppen mei guon dy't fulkanysk binne. In soad fan dizze [[Fulkaan|fulkanen]] binne ek tsjintwurdich noch aktyf. Benoarden Mount Rainier (''North Cascades'') is it berchtme lykwols net fulkanysk.
[[Ofbyld:Mount Rainier 7437.JPG|250px|thumbnail|left|Mount Rainier, it heechste punt fan de Cascades]]
De '''Cascades''' of it '''Cascadesberchtme''' (yn de [[Feriene Steaten]] ''Cascade Range'' en yn [[Kanada]] ''Cascade Mountains'' neamd) foarmje in [[berchtme]] lâns de westkust fan de [[Feriene Steaten]]. It berchtme rint fan noard nei súd fanôf it suden fan [[Britsk-Kolumbia]], [[Kanada]] troch de [[Amerikaanske steaten]] [[Washington (steat)|Washington]] en [[Oregon]] oant yn it noarden fan [[Kalifornje]]. It gebiet is sa'n 1100 km lang en hat in trochsneed breedte fan 130 km. it heechste punt is [[Mount Rainier]] mei in hichte fan 4394 m. It berchtme bestiet út brede, besnijde toppen mei guon dy't fulkanysk binne. In soad fan dizze [[Fulkaan|fulkanen]] binne ek tsjintwurdich noch aktyf. BenoardenIt part benoarden Mount Rainier (wurdt wol de ''North Cascades'') isneamd iten is berchtmetrochsneed lykwolsrûger neten fulkanysksteiler.
 
It berchtme is part fan de [[Noard-Amerikaanske Gordel]] (''North American Cordillera''), de gordel fan berchtmes dy't de westlike râne fan Noard-Amearika beslacht en wêr ek bygelyks de [[Rocky Mountains]] en de Pasifyske Kustberchtmes ta hearre. De fulkanen fan de Cascades binne ek ûnderdiel fan de [[Ring fan Fjoer]], it ringfoarmige gebiet rûnom de [[Grutte Oseaan]] dat ferneamd is om de gâns [[Ierdskodding|ierdskoddings]] en fulkaanútbarstings dy't der foarkomme. Utbarstings yn it hiele gebiet fan de Feriene Steaten, útsein [[Hawaiï]] en [[Alaska]], wiene allegear fan fulkanen yn it Cascadesberchtme. De twa meast resinte grutte útbarstings wiene dy fan [[Lassen Peak]] yn [[1914]] en [[Mount Saint Helens]] yn [[1980]]. Yn [[2005]] wie der in lytse útbarsting fan Mount St. Helens.
 
==Geology==
[[Ofbyld:Cascade Range related plate tectonics-en.svg|thumbnail|Platentektonyk ûnder de Cascades]]
De Cascades binne lykas de [[Sierra Nevada]] en de Pasifyske Kustberchtmes ûntstean sûnt it [[Oligoseen]] (likernôch 30 miljoen jier ferlyn), as gefolch fan de pleatslike [[platentektonyk]]. It efterlizzende proses is dat de (oseanyske) Farallonplaat ûnder de westlike râne fan Noard-Amearika skoot, wêrby it opwaarme wurdt, wêrtroch [[Magma|magma]] foarme wurdt. Dit magma stiget op en dat feroarsaket op syn bart oan it ierdoerflak fulkanisme.
 
Line 9 ⟶ 12:
 
==Skiednis==
[[Ofbyld:Columbia River Gorge (3).jpg|thumbnail|De kleau fan de rivier de Kolumbia dwers troch de Cascades hinne]]
===Namme en bewenning===
[[Yndianen|Yndianestammen]] wiene de earste bewenners fan it gebiet.
Line 20 ⟶ 24:
 
===Wegebou===
Om [[1845]] hinne lutsen foar de earste kear op gruttere skaal kolonisten troch de Cascades oer de "Barlow Road". Dizze wei foarme it lêste stik fan de [[Oregon Trail]]. Foarhinne wie it foar kolonisten needsaaklik om oer de rivier (mei de gefaarlike wetterfallen) te reizgjen. De wei rûn fan De rivier de Kolumbia by [[Hood River (Oregon)|Hood River]] oer de pas by [[Government Camp (Oregon)|Government Camp]] nei [[Oregon City (Oregon)|Oregon City]], en wie oanlein as in toldyk - $5 de wein - mar nettsjinsteande dochs tige populêr.
 
Dêrnjonken waard de [[Applegate Trail]] oanlein sadat kolonisten net mear oer de rivier hoegen. Dit paad wie in brûkt diel fan de [[California Trail]] ta it midden fan [[Nevada]]. Fan dêr late it paad noardwestlik nei it noarden fan Kalifornje en ta einbeslút nei wat tsjintwurdich [[Ashland (Oregon)|Ashland]] is, yn Oregon. Kolonisten koene dan fan dêrwei de Siskiyou Trail folgje nei de [[Willamette Delling]].
 
Doe't it [[Washington Territorium]] himsels ôfskiede fan it [[Oregon Territorium]] yn [[1853]] woe men in east-west ferbining troch de Cascades oanlizze, wêrby it paad oer de [[Snoqualmie Pass]] ta einbeslút keazen waard.
 
===Spoar===
De [[Great Northern Railroad]] lei in Transkontinintale spoarwei oan fan [[Saint Paul (Minnesota)|Saint Paul]] ([[Minnesota]]) nei [[Seattle]] en moast dêrby troch it Cascadesberchtme gean. De rûte troch it berchtme hat sûnt de oanlizzen yn [[1893]] in tal farianten kend. Yn earste ynstânsje lei der in saneamde hinne-en-wer-paad de berch op en ôf. Dit betsjutte in grutte lingte en in slimme oergong oer it berchtme. De spoarwei lei in grut part fan it jier ûnder in tsjokke laach snie dat de finansiering fan it spoar dreech makke. Om dit better te meitsjen waarden in tal tunnels oanlein, lykas de [[Cascade Tunnel]], iepene mei in lingte fan 4.200 meter, en de [[Stampede Pass]] tunnel. De snie bleau in probleem en op 1 maart 1910 kamen 96 minsken om it libben doe't in lawine in trein rekke. Dêrnjonken blieken de útlastgassen fan steamlokomotiven in probleem. Om de problemen op te lossen waard de hjoeddeiske Cascade Tunnel mei in lingte fan 12,5 kilometer boud tusken [[1925]] en [[1929]]. De tunnel leit 153 meter leger ta ferlike mei de foarige tunnel en betsjut dus dat treinen minder klimme te hoegen.
 
==Wichtige bergen==
[[Ofbyld:Mt Hood from Trillium Lake.jpg|thumbnail|Mount Hood, it heechste punt fan Oregon]]
Wichtige piken yn it berchtme fan noard nei súd.
Washington:
*[[Mount Baker]] (3286 m)
*[[Mount Rainier]] (4392 m)
*[[Mount Saint Helens]] (2550 m)
*[[Mount Adams]] (3743 m)
 
Oregon:
*[[Mount Hood]] (3429 m)
*[[Mount Jefferson]] (3199 m)
*[[Three Sisters]], noard (3157 m), mid (3062 m) en súd (3074 m)
*[[Mount Bachelor]] (2764 m)
*[[Mount McLoughlin]] (2894 m)
 
Kalifornje:
*[[Mount Shasta]] (4322 m)
*[[Lassen Peak]] (3187 m)
 
==Kratermarren==
Nijsgjirrich binne de kratermarren, lykas [[Crater Lake]] yn it suden fan Oregon en [[Medicine Lake Fulkaan]] yn Noard-Kalifornje.
 
{{Commonscat|Cascade Range}}
 
[[Kategory:Cascades]]
[[Kategory:Berchtme yn Feriene Steaten]]
[[Kategory:Berchtme yn Kanada]]
[[Kategory:Berchtme yn Washington]]
[[Kategory:Berchtme yn Oregon]]
[[Kategory:Berchtme yn Kalifornje]]