Fertelperspektyf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 10 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q745775
No edit summary
Rigel 1:
In '''fertelperspektyf''', ek wol '''fertelynstânsje''' of gewoan de '''ferteller''' neamd, is in term út 'e [[narratology]] dy't oanjout hoe't in ferhaal ferteld wurdt. Oer it algemien kin steld wurde dat dêr trije foarmen fan binne.
* It [[auktorieel perspektyf|auktoriële perspektyf]]: der is in alwittende ferteller dy't boppebûten it ferhaal stiet en dy't altiten op 'e hichte is fan 'e motiven, tinzen en gefoelens fan waalle danpersonaazjes. ekHy kin him manifestearje yn it ferhaal troch kommentaar te jaan of te oardieljen oer wat personaazjes dogge of tinke. Hy kin gebeurtenissen ironisearje of relativearje, of in koarte gearfetting jaan. Der bestiet in ûnderskie tusken eksplisty auktoriale fertellers en implisyt auktoriale fertellers. In eksplisyt auktoriale ferteller sprekt de lêzer direkt oan. In implisyt auktoriale ferteller docht dat net.
* It [[personeel perspektyf|personele perspektyf]]: de ferteller kin identifisearre wurde mei de (of ien fan 'e) haadpersoanen; de lêzer kriget allinne mar te hearren wat dy ieniene persoan wit en tinkt. Dit perspektyf kin ek fan persoan ta persoan ferspringe, mar ornaris bart dat dan per haadstik of paragraaf, en net per sin.
* It [[ik-perspektyf]]: it ferhaal wurdt ferteltferteld yn 'e ik-foarm en de lêzer kriget neat oarsallinnich te hearren as wat de ik-persoan wit en tinkt.
Oare perspektiven besteane wol, mar binne tige seldsum. Sa binne der boeken dy't yn 'e wy-foarm skreaun binne, lykas yn ''Het dikke schrift'' van [[Ágota Kristóf]], dat in libbensbeskriuwing fan in twilling is.