Frysk folksliet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PNG -> SVG
Mysha (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: Ik haw nei Tresoar west om it nei te sjen.
Rigel 4:
 
== Skiednis ==
"De Alde Friezen" is asin gedichtliet skreaun troch Eeltsje Halbertsma ([[1797]]-[[1858]]), en foar it earst publiseare yn de twadde printinge fan "De Lapekoer fen Gabe Skroor", yn [[1829]]. DeBy de meldije, dy't efteryn it boek opnaam is, stiet gjin komponist, mar it is de meldije fan "Vom hoh'n Olymp", dat Halbertsma faaks leard hat yn de tiid dat er studint wie yn [[Heidelberg]]. De tekst wie ek opnaam yn de earste printinge fan [[Rimen en Teltsjes]], yn [[1871]]. Doe't yn [[1875]] yn [[Grou (doarp)|Grou]] in monument foar Eeltsje Halbertsma oprjochte waard, waardenwaard deit wurden op dy meldijeliet songen ta syn neitins, en dat wie doe as wie dat in folksliet. Op foarspraak fan [[Pieter Jelles Troelstra]] is it yndie dat jier noch troch it [[Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse]] oannaam as `Frysk Folksliet'.
 
It liet is yn [[1876]] opnaam yn de earste printinge fan "It Lieteboek", letter "Frysk Lieteboek". Jacobus fan Loon wie ien fan de redakteuren fan "It Lietboek", en hy brocht it tal fan fersen werom fan sân nei fjouwer. It earste en it lêste fers binne oernaam hast sa't Halbertsma se skreaun hie, mar dêr tuskenyn binne mar twa oare fersen opnaam; oanpaste ferzjes fan it sechde en fyfte fers. It is dizze fersje dy't al gau populêr wurden is, en no as it Frysk Folksliet beskôge wurdt.
 
== Tekst ==