Meksiko-Stêd: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L Robot: de:Mexiko-Stadt is een etalage-artikel; tekstwiziging |
L The file Image:Museo_nacional_de_antropologia_entrada.jpg has been removed, as it has been deleted by commons:User:Steinsplitter: ''Per commons:Commons:Deletion requests/File:Museo nacional de antropologia entrada.jpg''. ''[[m:User:Common... |
||
Rigel 53:
De Avenida de los Insurgentes, dy't noard-súd troch de stêd rint, soe de langste avenue yn de wrâld wêze. De Avenida krúst yn it sintrum de Paseo de la Reforma, dy't wol de '[[Seine]] fan beton' neamd wurdt. Op rotondes yn de Paseo steane tal fan monuminten, sa as de [[Ángel de la Independencia]], dat ek tsjinnet as mausoleum foar in tal ûnôfhinklikheidsstriders. Oan de Paseo de la Refoma stiet ek de [[Torre Mayor]], it heechste gebou fan Latyns-Amearika. Oan de westkant fan de Paseo leit Chapultepec, in grut park op in hichte. Fanâlds is dat it plak dêr't de ynwenners ferdivedaasje sykje; de Azteekske keizers hienen dêr al in residinsje en de Spaanske ûnderkeningen lieten dêr it [[Chapultepec (paleis)|Paleis fan Chapultepec]] sette. Nei de ûnôfhinklikheid waard it paleis een kazerne, en noch wer letter it paleis fan [[Maksimiliaan fan Meksiko|keizer Maksimiliaan]]. No is it in museum. It Nasjonale Antropologymuseum, dat in grut tal bysûndere pre-Kolumbiaanske foarwurpen hat, stiet yn dit park, lykas de residinsje fan de presidint, Los Pinos.
Fierder nei it noarden, yn [[Tlatelolco]], de âlde Azteekske merkstêd, leit it Plein fan de Trije Kulturen. Dêr tichtby is ek de Basilyk fan Guadalupe, boud nei de ferskining fan de [[Faam fan Guadalupe]] yn [[1531]] op dat stee. De Basilyk lûkt jierliks miljoenen pylgers.
|