Hobbe Baerdt fan Sminia (1730-1813): ferskil tusken ferzjes

Onduidelijk waarom deze pagina verwijderd zou moeten worden; probeer het maar met een geldige verwijderreden
(Side ferfong mei '{{Wiskwarskôging}}')
(Onduidelijk waarom deze pagina verwijderd zou moeten worden; probeer het maar met een geldige verwijderreden)
'''Hobbe Baerdt fan Sminia''' ([[8 desimber]] [[1730]] - [[Burgum]], [[25 maart]] [[1813]]) wie grytman fan [[Aenjewier]] tusken [[1757]] - [[1772]] en fan [[Tytsjerksteradiel]].
{{Wiskwarskôging}}
 
Hobbe wie soan fan de sekretaris fan de Steaten fan Fryslân, Jetze fan Sminia, en fan Wiskje fan Haersma. Hy troude op [[8 desimber]] [[1758]] mei Louisa Albertina ([[4 april]] [[1738]] - [[1790]]), dochter fan Hektor fan Glinstra, sekretaris fan [[Tytsjerksteradiel]], en Eritia fan Glinstra, neidat hy yn 1757 grytman fan Anjewier wurden wie. Dy Grytenij ferwiksele hy mei dy fan [[Tytsjerksteradiel]] op [[5 maaie]] [[1772]], en beklaaide meardere amten binnen en bûten Fryslân. Sa wie er lid fan de Admiraliteit, foar Fryslân, yn Rotterdam ensfh.
 
Yn 1795 waard him syn post ôfnomd en waard Hobbe mei syn amtsgenoaten en oare Ljouwerter pommeranten, om syn bekende Prinsgesindheid, troch it folk yn it blokhûs fan Ljouwert finzen setten. Allinnich troch it tafallich binnenlûke fan Frânske troepen, koe syn libben en dat fan syn meifinzenen, waans terjochtstelling al besluten wie, sparre wurde. Lilk oer de ûntankbere behanneling fan syn meiboargers, ferklearre hy, fuort nei syn ûntslach, nea wer ien oft oare amt of betsjinning op him nimme te sillen, en hy hat wurd hâlden. Yn stilte libbe hy oant syn trije-en-tachtichste jier yn 1813 yn Burgum. Syn frou wie trettjin jier earder stoarn.
 
== Sjoch ek ==
* [[List fan grytmannen fan Aenjewier]]
* [[List fan grytmannen fan Tytsjerksteradiel]]
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Baerdt van Sminia}} - ''Nieuwe naamlijst van grietmannen'', 326;
}}
 
{{DEFAULTSORT:Sminia, Hobbe Baerd van}}
[[Kategory:Grytman]]
[[Kategory:Aenjewier]]
[[Kategory:Tytsjerksteradiel]]
22

bewurkings