HOMer Award: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
kt
Rigel 3:
Alle leden fan it foarum (fluktuëarjend tusken 18.000 en 40.000) mochten nominaasjes dwaan en op 'e nominearre kandidaten stimme. Sels yn tiden dat it ledetal fan it foarum ta it minimum ôfnommen wie, hie it dêrmei noch fierwei it grutste tal stimmers fan alle science fiction- en fantasypublyksprizen. De winners waarden yn maaie bekendmakke yn twa wichtige tydskriften fan it sjenre, ''[[Locus]]'' en ''[[Science Fiction Chronicle]]''. Der wie gjin útrikkingsseremoanje; de prizen, yn 'e foarm fan sertifikaten, waarden de winners tastjoerd. De ''HOMer Awards'' bestiene fan [[1991]] oant [[2001]], en waarden útrikt yn fiif ûnderskate kategoryen: bêste [[roman]], bêste [[novelle]], bêste koarte novelle, bêste [[koart ferhaal|koarte ferhaal]] en bêste dramatyske presintaasje. Under de winners fan 'e prizen wiene skriuwers as [[Raymond E. Feist]], [[Janny Wurts]], [[Anne McCaffrey]], [[Lois McMaster Bujold]] en [[Catherine Asaro]].
 
[[Kategory:Science fiction- en fantasypriispriis]]
[[Kategory:Fantasypriis]]
[[Kategory:Amerikaanske priis]]