Ulalûm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: es:Ulalume is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[FileOfbyld:Ulalume-Rosetti.jpg|thumb|right|250px|In yllústraasje by it gedicht troch [[Dante Gabriel Rosetti]], út [[1847]] of [[1848]].]]
'''''Ulalûm''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Ulalume''''', is in [[gedicht]] fan 'e hân fan 'e ferneamde [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[skriuwer]], [[dichter]], [[redakteur]] en [[literatuer]]kritikus [[Edgar Allan Poe]] ([[1809]]-[[1849]]). Krekt as party oare gedichten fan Poe, lykas ''[[The Raven]]'' en ''[[Annabel Lee]]'', giet ''Ulalume'' oer it fertriet fan in minner om it ferstjerren fan syn leafste, dy't hjir fan Ulalume hjit. De dichter skreau ''Ulalume'' as in stik dat bedoeld wie om foar te dragen, en sadwaande konsintrearre er him benammentlik op 'e klank fan it gedicht. ''Ulalume'', dat bestiet út fiif frij mânske kûpletten fan wikseljende lingte, stiet grôtfol ferwizings, yn it bysûnder nei de [[mytology]]en fan 'e [[Klassike Aldheid]]. It gedicht [[fertelperspektyf|is skreaun]] yn it [[ik-perspektyf]]. Oer de identiteit fan Ulalume, as hja al basearre wie op in wier persoan, is troch de jierren hinne witwat diskusje fierd. It gedicht waard foar it earst publisearre, sij it anonym, yn desimber [[1847]], yn it tydskrift ''American Review: A Whig Journal''. De [[Frysk]]e oersetting fan ''Ulalume'', fan [[Klaes Dykstra]], datearret út [[1949]].
 
== Ynhâld ==
''Ulalume'' fynt plak op in nacht yn it "ienlike oktober", mei in grize loft en wylst de blêden ferwylje oan 'e beammen om't it hjerst wurden is. Yn 'e krite Weir, oan 'e wetterkant fan 'e Auber-mar doarmet de nammeleaze ferteller om mei syn "fulkanyske" hert. Hy hat in "earnstich en sober" ûnderhâld mei syn eigen siel, al beseft er net dat it oktober is of wêr't syn omdoarmings him hinne liede. Wylst de nacht opljochtet ta de moarnsdage, oanskôget er de stjerren, wêrby't de helderste syn oandacht lûkt, en hy freget him ôf oft dy wol wit dat de triennen op syn wangen noch altyd net opdroege binne. Syn siel, lykwols, mistrout de stjer en wêr't dy him hinne liedt. Krekt as de ferteller de soargen fan syn siel delbêde hat, komt er ta it besef dat er sûnder erch de tombe fan syn "ferlerne Ulalume" benei kommen is, dy't er op deseldichste nacht persiis in jier lyn begroeven hat.
 
== Fryske oersetting ==
De [[Frysk]]e oersetting fan ''Ulalume'' ferskynde yn [[1949]] ûnder de titel ''Ulalûm'', yn it [[literatuer|literêr]] [[tydskrift]] ''[[De Tsjerne (tydskrift)|De Tsjerne]]''. De fertaling wie fan 'e hân fan [[taalkundige]] [[Klaes Dykstra]] ([[1924]]-[[1997]]), dy't bygelyks ek it boek ''[[Dit Is it Jier]]'', fan [[Frederick Feikema Manfred]] yn it Frysk oersette.
 
Rigel 16:
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
 
{{Link GA|es}}