Mûzen en jerboä's: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L [[]]
Rigel 1:
[[File:Sinaistachelmaus.jpg|right|thumb|200px|In [[Sinaïstikelmûs]].]]
De '''mûsfoarmigen''' ([[Latyn]]ske namme: ''Myomorpha'') foarmje in [[ûnderskift]] fan 'e [[klasse]] fan 'e [[sûchdieren]] (''Mammalia'') en it [[skift]] fan 'e [[kjifdieren]] (''Rodentia''), dêr't hast 1.400 [[soarte]]n ta hearre. Dat komt del op hast in fearn fan alle sûchdieresoarten. Alle mûsfoarmigen hawwe gemien dat se yn 'e regel [[nachtdier]]en binne. Se libje op alle [[kontinint]]en útsein [[Antarktika]]. It ûnderskift kin opdield wurde yn twa boppefamyljes, te witten dy fan 'e [[jerboä's (boppefamylje)|jerboä's]] (''Dipodoidea''), en dy fan 'e [[mûzen en rotten]] (''Muroidea''). De grutste en teffens bekendste [[famylje]]s dy't ta dit ûnderskift hearre, binne dy fan 'e [[mûseftigen]] en de [[wrotmûseftigen]], mei tige algemiene soarten as de [[hûsmûs]], de [[brune rôt]], de [[fjildmûs]] en de [[muskusrôt]].
 
==Underskiftopbou==