Blêd (plant): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
[[File:Leavessnipedale.jpg|right|thumb|150px|De blêden fan in [[boek (beam)|boekebeam]].]]
In '''blêd''' (mt. de '''blêden''', it '''blêdt(e)''' of it '''blêdtblêd''') is in diel fan [[rintfearren]] (farens) en [[siedplanten]], dat oan 'e ein fan 'e [[stâle (diel fan in plant)|stâle]] of [[tûke (diel fan in plant)|tûke]] sit en yn 'e regel grien fan kleur is, mei in platte, ovalige foarm. It ferfollet ferskate funksjes, wêrfan't de wichtichsten [[fotosynteze]] en de [[ferdamping]] fan [[wetter]] binne. Mei help fan fotosynteze wurdt yn blêden ûnder ynfloed fan [[sinne]]ljocht út [[koalstofdiokside]] en wetter [[glukoaze]] makke, wylst by dat proses [[soerstof]] frijkomt. Dêrnjonken wurdt yn blêden troch de ferdamping fan wetter en de dêrmei mank geande [[kapillariteit]] de tastream fan fiedingsstoffen út 'e [[woartel (diel fan in plant)|woartels]] nei de top op gong holden.
 
Blêden komme foar yn in ferskaat fan foarmen, mjitten en stannen. De [[nulle (blêd)|nullen]] fan [[nullebeam]]men binne ek in soarte fan blêden. Fierders hawwe [[moas]]sen krektlyk in soarte fan blêden, mar dat binne eins gjin echte blêden mar organen fan 'e [[gametofyt]], dy't ek yn bou sterk ôfwike fan 'e blêden fan rintfearren en siedplanten. Oare [[plant]]aardige [[organisme]]n, lykas [[algen]], ûntwikkelje gjin blêden, hoewol't by guon [[brúnwieren]], lykas [[kelp]], wol deeglik blêdeftige struktueren oanwêzich binne. Dy meie as it derop oankomt lykwols net betize wurde mei echte blêden.