Willem IV fan Oranje-Nassau: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
- link
Rigel 1:
[[Ofbyld:Guillaume IV d'Orange-Nassau.jpg|thumb|right|Ofbylding fan Willem IV.|link=Ofbyld:Guillaume_IV_d%27Orange-Nassau.jpg]]
'''Willem IV Karel Hindrik Friso''' ([[1 septimber]] [[1711]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] – [[22 oktober]] [[1751]], [[De Haach]] yn Paleis Huis ten Bosch), wie [[prins fan Oranje]] en greve fan [[Hûs Nassau|Nassau-Dietz]]. Hy wie de earste erfsteedhâlder fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]]. Hy wie yn syn dwaan en litten in foarnaam, freedsum en minlik minsk, mar hie in soad te krijen mei syn swakke sûnens en in fergroeiing fan de rêch.
 
Rigel 21:
 
== As steedhâlder ==
[[Ofbyld:StadhouderWillemIV(3).jpg|thumb|''Steedhâlder Willem IV''|link=Ofbyld:StadhouderWillemIV%283%29.jpg]]
Yn 1740 bruts fannijs de [[Eastenrykske Suksesjeoarloch]] út, wêryn Eastenryk en Frankryk foar elkoar oer stiene. De Republyk keas yn 1747 de kant fan Eastenryk, om sa in buffersône tusken de republyk en Frankryk yn stân te hâlden, wêrnei't Frânske troepen de súdlike Nederlannen binnenfoelen. Yn in pear wike tiid feroveren de troepen fan [[Loadewyjk XV fan Frankryk|Loadewyk XV]] de wichtichste plakken yn Sieusk-Flaanderen. Yn panyk waard de prins op [[2 maaie]] [[1747]] beneamd as Kaptein-Generaal en [[Steedhâlder]] fan alle gewesten fan de Republyk. Oer syn foegen koe Willem it nei in oantal kearen net iens wurde mei de Steaten-Generaal.<ref>[http://www.nationaalarchief.nl/webviews/page.webview?eadid=NL-HaNA_3.01.22&pageid=N10128 3.01.22 - Inventaris van het archief van Anthonie van der Heim, (1710) 1737-1746]</ref> Se leinen him in ynstruksje foar dy't lyk wie mei dy út de [[Uny fan Utert (1579)|Uny fan Utert]]. Willem woe allinnich de eed ôflizze op de ynstruksje fan syn foargonger [[Willem III fan Oranje-Nassau|Willem III]].