Hueronmar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kt
L [[]]
Rigel 17:
[[File:Lake Huron from Upper Peninsula.JPG|left|thumb|300px|De kust fan 'e Hueronmar yn [[Michigan|Opper-Michigan]].]]
 
De Hueronmar wurdt oan 'e súdwestkant begrinzge troch de beide dielen fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Michigan]] (nammentlik Neder- en [[Opper-Michigan]], dy't faninoar skaat wurde troch de Strjitte fan Mackinac), en oan 'e noardeastkant troch de [[Kanada|Kanadeeske]] [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|provinsje]] [[Ontario]]. Yn it noardlike part fan 'e mar leit it grutte eilân [[Manitoulin]], dat it saneamde [[Noarderkanaal (Ontario)|Noarderkanaal]] en de grutte [[Georgiaanske Baai]] skiedt fan 'e rest fan 'e Hueronmar.
 
De mar is neamd nei de [[Huroanen]] of Huerons, in ienris machtich [[Yndianen|Yndiaansk]] folk dat de krite noardeastlik fan 'e mar bewenne yn 'e tiid dat de earste [[Frankryk|Frânske]] [[ûntdekkingsreizger]]s dit diel fan Noard-Amearika besochten.