André Gide: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 6:
===Jonkheid===
Gide waard op [[22 novimber]] [[1869]] berne yn in [[protestantisme|protestantsk]] gesin út 'e Frânske middenklasse. Syn heit wie in [[rjochten|rjochte]]perfester oan 'e ''[[Universiteit fan Parys|Sorbonne]]'', dy't yn [[1880]] kaam te ferstjerren. Gide waard yn isolearre omstannichheden grutbrocht op it [[Normandje|Normandyske]] plattelân, en ûntjoech him ta in produktyf [[skriuwer]] en [[essay]]ist. Syn earste [[roman]] ''Les Cahiers d'André Walter'' ("De Notysjeboeken fan André Walter"), waard publisearre yn [[1891]]. Syn libben lang wraksele er mei syn [[seksuële oriïntaasje]], mei't er him fral oanlutsen fielde ta manlju. Mei de [[homoseksualiteit|homoseksuële]] [[Grut-Brittanje|Britske]] skriuwer [[Oscar Wilde]], mei wa't er yn [[Parys]] yn 'e kunde kaam, reizge er yn [[1895]] nei [[Algiers]] ta. Wilde miende dat er Gide dêr foar it earst op dy syn homoseksuële gefoelens wiisd hie, mar feitliks hie Gide dy earder al op eigen manneboet ûntdutsen.
[[File:Gide 18931920 cropped.jpg|left|thumb|200px|André Gide yn [[18931920]].]]
 
===Middeljierren===