Wâldfrysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 19:
It Wâldfrysk tanket syn namme oan syn taalgebiet, dêr't [[beamwâl]]en brûkt wurde as ôfskieding tusken [[greide]]n en [[ikker]]s. Yn it westen en noardeasten fan 'e provinsje wurde foar dat doel [[sleat]]ten brûkt, mar yn 'e Wâlden soe dan it wetter fluch yn 'e [[sân]]ige [[grûn]] weisakje.
[[Ofbyld:Lânkaart lokaasje Wâldfrysk.PNG|left|thumb|250px|De lokaasje fan it Wâldfryske dialekt yn it [[Frysk]]e taalgebiet.]]
 
==Wâldfryske subdialekten==
Der bestiet in beheinde mjitte fan taalfariaasje binnen it Wâldfryske dialektgebiet, dy't benammentlik delkomt op útspraakferskil. Sa wurde bygelyks yn it noarden wurden as "hiel" en "giel" útsprutsen as ''hiel'' en ''giel'', wylst yn 'e rest fan it Wâldfryske gebiet (en yn alle oare Fryske haaddialekten) fan ''heel'' en ''geel'' sein wurdt. Teffens is de útspraak ''lizze'' en ''sizze'' foar "lizze" en "sizze" yn in diel fan it Wâldfryske gebiet húsriem, wylst frijwol oeral oars yn Fryslân fan ''leze'' en ''seze'' sprutsen wurdt. Regionaal wykt it [[Westereindersk]], fan it [[doarp]] [[De Westerein]], yn 'e noardlike Wâlden, lykwols fierwei it measte fan 'e rest fan it Wâldfrysk ôf. Dat subdialekt brûkt karakteristike foarmen as ''reen'' foar "rein" en ''Woden'' foar "Wâlden".
 
==Sprekkers==
Neffens in skatting op grûn fan gegevens út [[2004]] soe it Wâldfrysk yn 'e provinsje [[Fryslân]] en yn 'e oangrinzgjende Grinslânske trijehoek Mearum-De Wylp-De Grinzer Pein sprutsen wurde troch likernôch 157.000 minsken. Hoefolle [[Friezen]] om utens oft Wâldfrysk sprekke, is net dúdlik.
 
== Ferskillen mei it Klaaifrysk ==