Fisken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red hiele side + oanf
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 41:
| beskriuwer, jier =
}}
De '''fisken''' ([[Latyn]]ske namme: ''Pisces'' of ''Ichthyes'') foarmje in ynformele groep [[organisme]]n, dy't heart ta it [[ûnderryk]] fan 'e [[echte dieren]] (''Metazoa''), de [[stamme (taksonomy)|stamme]] fan 'e [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') en de [[ûnderstamme]] fan 'e [[wringedieren]] (''Vertebrata''). It binne [[wetter]]bisten mei in [[plasse (bonke)|plasse]], dy't sykhelje troch [[kieukiuw]]wen. Ornaris binne fisken [[kâldbloedigens|kâldbloedich]], en wurdt har [[lichemstemperatuer]] dus bepaald troch de [[temperatuer]] fan it wetter dêr't se yn swimme. De measte fisken hawwe fierders in [[hûd]] dy't oerdutsen is mei [[skob]]ben, en bewege har troch it wetter fuort mei [[fin (lichemsdiel)|finnen]]. De tûke fan 'e [[biology]] dy't amfibyen bestudearret, hjit de [[ichtyology]].
 
==Untwikkeling==
Rigel 48:
 
==Relaasje mei de minske==
Fisken foarmje oer hast de hiele wrâld in wichtige itensboarne foar de [[minske]]. Troch kommersjele en tradysjonele [[fiskerij]] wurde fisken bejage, en guon soarten wurde dêrnjonken tsjintwurdich ek kweekt yn [[fiskkwekerij]]en. [[Angeljen]] wurdt troch in protte lju beskôge as in aardich tiidferdriuw of in moaie leafhawwerij, wylst oaren it sjogge as [[bistemishanneling]] en besykje om der it near op te lizzen. Guon soarten fisken, lykas [[goudfisk]]en, [[koarper]]s en [[gupke]]s, wurde holden as [[húsdier]], binnendoar yn [[akwarium (bak)|akwaria]] of bûtendoar yn [[fiver]]s, wylst der ek [[iepenbier akwarium|akwaria]] besteane dy't de foarm fan in [[dieretún]] hawwe, en dêr't it publyk hinne gean kin om 'e (faak eksoatyske) fisken te besichtigjen. Ek yn 'e minsklike [[kultuer]] hawwe fisken troch de ieuweniuwen hinne in wichtige rol ferfolle, bygelyks as [[godheid|godheden]] en as [[religy|religieuzereligiuwze]] [[symbolyk|symboalen]], mar ek as it ûnderwerp fan [[keunst]], [[boek]]en en [[film]]s.
 
==Taksonomy==