Pânserfisken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 45:
 
==Taksonomy==
De pânserfisken hearden ta de earste [[kaakdieren|fisken mei kaken]]. Dy [[kaak|kaken]] ûntjoegen har by dizze bisten nei alle gedachten út 'e eardere [[kieukiuw]]bôgen. Pânserfisken wiene ek de earste bisten dy't echte [[tosk]]en krigen en dy't [[fin (fisk)|búkfinnen]] ûntwikkelen, dêr't by lettere [[kaakdieren]] de [[efterpoat]]en út fuortkomme soene. [[Fossyl|Fossilen]] fan soarten út trije ûnderskate [[skaai (taksonomy)|skaaien]] (''[[Incistoscutum]]'', ''[[Materpiscis]]'' en ''[[Austroptyctodus]]'') fan 'e pânserfisken fertsjintwurdigje de ierst bekende foarmen fan [[berte|libbene berte]] (ynstee fan it lizzen fan [[aai (bist)|aaien]]).
 
De earste pânserfisken ûntstiene yn it lette [[Siluer]], en de groep diversifiëarre him yn it iere en midden-[[Devoan]] yn in grut tal rjochtings, mar stoar tsjin 'e ein fan dat tiidrek, sa'n 360 miljoen jier lyn, út. Lykwols komme ek alle lettere kaakdieren (wêrûnder [[sûchdieren]], [[reptilen]], [[fûgels]], [[amfibyen]] en de measte [[fisken]]) út dizze groep fuort, dat wat dat oangiet libje de pânserfisken noch altyd fuort.