Bosnje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: bs:Bosna i Hercegovina is een etalage-artikel; tekstwiziging
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 45:
Yn eardere tiden makke Bosnje diel út fan ferskate riken: ûnder oaren it [[Romeinske ryk]], it [[Byzantynske ryk]] en it [[Ottomaanske ryk]].
 
Yn de [[20e ieuiuw]] sûnt [[1945]] oant [[1991]] wie Bosnje ien fan de seis republiken, dy't mei-inoar de Sosjalistyske Federative Republyk Joegoslaavje foarmen. Oant [[1980]] waard Joegoslaavje laat troch [[Josip Broz Tito|Tito]]. Yn dat tiidrek waard foaral de klam leid op ienheid en bruorskip tusken de ferskate godstsjinstige en etnyske groepen dêr't Joegoslaavje út bestie. Nei de dea fan Tito kaam it liederskip te lizzen by in kollektyf steatspresidium. Lykwols wurke dat systeem tige min en begjin njoggentiger kaam der in ein oan de Federaasje mei de iensidige ôfskiedings fan [[Sloveenje]] en [[Kroaasje]] yn [[1991]]. Troch it Servyske regear yn [[Belgrado]] waard dat net akseptearre wat foaral late ta in kriich tusken Kroaasje en [[Servje]].
 
Bosnje, dat de meast etnysk-mingde republyk yn Joegoslaavje wie, waard yn dizze kriich meilutsen. Wylst de Bosnyske Kroaten en Bosnyske Servjers oansluting sochten by respektivelik [[Zagreb]] en Belgrado, rôp it troch [[moslim]]s dominearre regear yn Sarajevo de ûnôfhinklikens fan Bosnje út. Tusken de ferskate befolkingsgroepen ûntstie in bluodderige boargerkriich, dêr't pas yn novimber [[1995]] mei de [[akkoarden fan Dayton]] formeel in ein oan kaam en dy't nei skatting oan 100 à 150 tûzen minsken it libben koste hat.