Bouhoeke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw wat mear ûnderskie tusken bou en lânbou brocht.
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
De '''Bouhoeke''' is it bougebiet yn it noarden fan [[Fryslân]]. It gebiet leit rûchwei benoarden de snelwei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] - [[Frjentsjer]] - [[Harns (stêd)|Harns]]. Eastlik fan Ljouwert, yn 'e kuststripe tusken [[it Bilt]] en it [[Lauwersmar]]gebiet (mei as súdgrins de rûngeare line Ljouwert - [[Dokkum]] - [[Ingwierrum]]), wurdt ek oan bou dien, mar dy krite wurdt ornaris net ta de Bouhoeke rekkene. De [[Marneslinke]], tusken Harns, [[Surch]] en [[Wytmarsum]], dy't ierdrykskundich sjoen losstiet fan 'e rest fan 'e Bouhoeke, wurdt ek wol de [[Lytse Bouhoeke]] neamd.
 
Op de klaaigrûn wurde benammen [[jirpel]]s, [[sûkerbyt|sûkerbiten]], [[nôt]] en [[koalsie]] ferboud. Benammen yn [[It Bilt]] is it lânskip beynfloede troch deit wurk en de hannel yn de [[bou]]. It gebiet is in mozayk fan perselen boulân en pleatsen mei grutte skuorren, dêr't de jirpels en it oare gewaaks opslein wurdt.
 
Sûnt it ûntstean fan de bou oant de [[18e ieu]] is der net folle feroare yn dit gebiet. Yn de [[19e ieu]] kaam de [[jirpelbou]] op en spesjalisearren de boeren har. Troch tanimmende meganisaasje yn de [[20e ieu]] binne in soad minsken fan 'de klaai' ferhuze en rekke it gebiet mear ûntfolke. It oantal foarsjenning waard dêrtroch lytser.