In Krystliet yn Proaza: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
[[File:A Christmas Carol - Mr. Fezziwig's Ball.jpg|right|thumb|200px|De Geast fan it Krystfeest fan it Ferline nimt Scrooge û.m. mei nei it krystbal by syn âlde wurkjouwer, menear Fezziwig.]]
'''''In Krystliet yn Proaza''''', better bekend ûnder de oarspronklike [[Ingelsk]]e titel '''''A Christmas Carol''''', is in [[novelle]] fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw|njoggentjinde-ieuskeiuwske]] [[Grut-Brittanje|Britske]] [[skriuwer]] [[Charles Dickens]], dy't fertelt hoe't de hurdhertige nepert Ebenezer Scrooge yn 'e nacht foar de [[kryst]] besocht wurdt troch trije geasten, en fan gefolgen úteinlik ta ynkear komt. It hoopfolle teltsje, dat foar it earst útjûn waard yn [[1843]], hat him ûntjûn ta ien fan 'e meast ikoanyske krystferhalen dy't mar besteane. Ek hjoed de dei noch is it tige populêr; yn it Ingelsk hat ''In Krystliet'' noch nea ûnbestelber west, mei't der almar wer nije printingen ferskine. It is fierders adaptearre ta withoefolle oare media, lykas [[film]], [[toaniel]] en [[opera]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Jabik Veenbaas]] kaam út yn [[1991]].
 
==Eftergrûn==
Charles Dickens libbe yn in tiid, de midden fan 'e njoggentjinde ieuiuw, dat it iere [[Viktoriaanske Tiid|Fiktoriaanske]] [[Ingelân]] in nostalgyske oplibbing trochmakke fan 'e pre-cromwelliaanske krysttradysjes (d.w.s. fan foar de [[Ingelske Republyk]] ([[1649]]-[[1660]]) fan [[Oliver Cromwell]]). In wichtige rol spile dêrby [[Albert fan Saksen-Koboarch-Goata|prins Albert]], keninginne [[Victoria fan it Feriene Keninkryk|Fiktoaria]] har [[Dútslân|Dútske]] man, dy't de krysttradysjes út syn heitelân yn it [[Feriene Keninkryk]] yntrodusearre, lykas it yn 'e hûs heljen en fersieren fan [[krystbeam]]men, it ferstjoeren fan krystkaarten en it yn it iepenbier sjongen fan krystlieten (''carols'').
 
Dickens kombinearre dizze maatskiplike beweging mei in djippe begienens mei de swakkeren yn 'e maatskippij, en fral mei de bern fan 'e heukerige arbeidersklasse, dy't fuortkaam út 'e ûnderfining fan earmoede yn syn eigen jonkheid. Hy begûn ''A Christmas Carol'' te skriuwen yn septimber 1843 en foltôge it yn begjin desimber. As resultaat fan in skeel mei syn [[útjouwer]] oangeande de krappe fertsjinsten fan syn foarrige boek, ''Martin Chuzzlewit'', wegere er foar ''A Christmas Carol'' in betelling yn ien kear, mar keas ynstee foar in persintaazje fan 'e opbringst yn 'e hope sa syn eigen jildneed te ferlichtsjen. It boek waard útbrocht troch de [[útjouwerij]] ''Chapman & Hall'', op [[19 desimber]] 1843. Hege produksjekosten makken dat Dickens bedragen útkaam en der folle minder oan fertsjinne as dat er ferwachte hie. Lykwols wie tsjin krystjûn de earste printinge al net mear te besetten en tsjin maaie [[1844]] wie de sânde printinge al útferkocht. Dat, ek al foelen de ynkomsten foar de auteur ôf, dochs wie it boek in geweldich ferkeapsúkses.
Rigel 22:
 
==Fryske Oersetting==
''A Christmas Carol'' waard yn 1991 troch [[Jabik Veenbaas]] oerset yn it Frysk ûnder de titel ''In Krystliet yn Proaza'' en as ûndertitel ''In SpoekferhaalSpûkferhaal oer Krysttyd''. It waard, mei yllústraasjes fan Arthur Rackham, útjûn troch de [[Koperative Utjouwerij]] te [[Boalsert]], yn 'e mande mei it [[Frysk Genoatskip]]. It set- en printwurk waard dien troch ''It Wite Boekhús'', ek te Boalsert.
 
{{boarnen|boarnefernijing=