Earste Brief oan de Tessalonikers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: pl:1. List do Tesaloniczan is een goed artikel; tekstwiziging
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
[[Ofbyld:PaulT.jpg|right|thumb|350px|De [[apostel]] [[Paulus]] dy't syn brieven skriuwt, op in skilderij út 'e 16de ieuiuw. (Yn wurklikheid diktearre Paulus syn brieven oan in [[slavernij|slaaf]].)]]
It '''''Earste Brief oan de Tessalonikers''''', yn it oarspronklike [[Gryksk]]: '''Α' Επιστολή προς Θεσσαλονικείς''', '''''Alfa Epistoli pros Thessalonikeis''''', ek wol koartwei '''''1 Tessalonikers''''' neamd, is it trettjinde boek fan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. It is de achtste fan 'e [[brieven yn it Nije Testamint|brieven]], en heart ta de ''[[Brieven fan Paulus]]''. Dat de [[apostel]] [[Paulus]] dit brief skreaun hat, wurdt troch hast alle hjoeddeiske bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] erkend, al bestie der yn 'e midden fan 'e [[19e ieuiuw|njoggentjinde ieuiuw]] frijwat twifel oer. ''1 Tess.'' 2:13-16 wurdt lykwols gauris beskôge as in lettere tafoeging, mei't de tekst fan dy fersen net liket te striken mei de lear sa't Paulus dy yn oare geskriften ferkundiget. ''1 Tessalonikers'' wie nei alle gedachten Paulus syn earste ([[kanon]]ike) brief, dat wierskynlik skreaun is oan 'e ein fan it jier [[52]]. Dêrmei soe it it âldste boek fan it Nije Testamint wêze. Hoewol't it brief neffens de kristlike tradysje yn [[Atene]] skreaun is nei't [[Timóteüs (apostel)|Timóteüs]] út [[Gryksk-Masedoanje|Masedoanje]] weromkommen wie mei nijs fan 'e troch Paulus sels stifte gemeente yn [[Tessaloniky]] (sjoch: ''[[Hannelingen]]'' 17:1-9), is men tsjintwurdich fan tinken dat it wierskynliker is dat Paulus ''1 Tessalonkers'' yn [[Korinte]] skreau. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''1 Tessalonikers'' stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1933]] útkaam.
 
=== Ynhâld ===