Toppenhuzen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Vysotsky (oerlis | bydragen)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 2:
'''Toppenhuzen''' (''Oppenhuizen'') is in doarp yn de gemeente [[Súdwest Fryslân]], krekt súdeast fan [[Snits (stêd)|Snits]], njonken it yndustryterrein ''Houkesloot II''. Oant 2011 lei Toppenhuzen yn de eardere gemeente [[Wymbritseradiel]]. Toppenhuzen hat likernôch 1.135 ynwenners (2006), mei [[Twellingea]] der by 1602.
 
It wurdt yn de earste helte fan de [[14e ieuiuw]] Opmanhusen neamd en pas yn de [[15e ieuiuw]] Uytwellinga ( Wtwallinghergae).
 
It doarp, dat by [[It Ges]] lâns boud is, foarmet tegearre mei [[Twellingea]] it twillingdoarp ''Top en Twel''. It Ges jout it doarp ferbining mei de [[Houkesleat]] en it [[Prinses Margrietkanaal]]. Foar de boeren wie dit wetter fan belang om harren healannen te berikken. De [[Broersleat]] jout ferbining mei de [[Wite Brekken]]. Oer de dyk hat it ferbining mei Snits en mei [[De Jouwer]].
 
Ten easten fan Toppenhuzen stiet de út de [[19e ieuiuw]] datearjende [[Geau's Mole]], dy't it natoergebiet de [[Geaupolder]] bemealt. Hy docht dit mei de twa [[Wynmotor|Amerikaanse wynmotors]], de [[Wynmotor Twellingea 1|wynmotors Twellingea 1]] en [[Wynmotor Twellingea 2|2]].
 
Op de hoeke fan de Ferbiningswei en de Sjaardawei stiet yn Toppenhuzen it keunstwurk ''De Trije Bruorren'', yn 1996 makke troch [[Hennie de Boer]], yn opdracht fan de [[Kulturele Rie Wymbritseradiel]]. It byldet it reuzeteltsje De Trije Bruorren út.