Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 64 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q47369 (translate me)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 7:
[[Ofbyld:Cross harp.JPG|right|thumb|200px|Krúslings besnare [[dûbelharp]]]]
 
De [[Jeropeesk]]e harp út de [[MidsieuwenMidsiuwen]] wie yn wêzen [[diatoanysk]], krekt lykas bygelyks in [[doedelsek]], wat sizze wol dat er yn ien beskate toanljedder stimd waard. Mei it kommen fan [[Ars Nova]] waard it gebrûkliker te [[mutearjen]] nei in fiktyf [[hexachord]] en dat hold yn dat der soms ferhegings of ferlegings nedich wiene. Yn de fierdere ûntjouwing fan de westerske muzyk naam dat ferlet allinnich noch mar ta. Oarspronklik moast de harpist dan ûnder it spyljen mei de fingers op in snaar drukke en dat wie slim lestich. Al gau waarden in soarte fan heakjes útfûn om dat probleem te ferhelpen en úteinlik bouden se sels [[dûbelharp]]en mei twa pear snaren dy't ûnder in hoeke mei elkoar op de klankkast stiene. It bespyljen fan sa'n ynstrumint is lykwols net maklik. Dêrmei drige de harp (krekt as de doedelsek) út de muzikale boat te fallen.
 
Earst yn de [[19e ieuiuw]] waard in definitive oplossing fûn troch [[Sébastien Erard]]; hy fûn de dûbelpedaalharp út dêr't er yn [[1810]] [[patint]] foar oanfrege. De pedaalharp hat njonken 46 of 47 snaren ek 7 pedalen, dy't elk trije stannen hawwe: los, oant healwei yntrape of hielendal yntrape. De harp wurdt stimd yn Ces, wat eins in net-gebrûklike toanaard is, dus mei de toanen Ces, Des, Es, Fes, Ges, As, Bes. Troch in pedaal, bygelyks it F-pedaal, oant healwei yn te traapjen wurde alle Fes-snaren in heale toan koarter makke, sadat de harp yn Ges klinkt: Ges, As, Bes, Ces, Des, Es, F. Binne alle pedalen yntrape dan klinkt de harp yn C: C, D, E, F, G, A, B. Troch no de pedalen noch in stap fierder yn te traapjen wurde de snaren nochris mei in heale toan ynkoarte.
 
In soad minsken begripe dy wurking better troch as begjinstân alle pedalen oant healwei yn te traapjen. De harp klinkt dan yn C: C, D, E, F, G, A, B. Steane der twa [[mol]]len by de muzykkaai, dan wurde de pedalen B en E loslitten. De harp klinkt no yn Bes: Bes, C, D, Es, F, G, A. Steane der trije krusen ([[krús]]) by de muzykkaai, dan wurde de pedalen F, C en G sa fier mooglik yntrape. De harp klinkt no yn A: A, B, Cis, D, E, Fis, Gis, A.