Jouke Annes Bakker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L plaatsjes
Rigel 1:
[[Ofbyld:Jouke Oanes Bakker.jpg|right|thumb|200px|Jouke Annes Bakker.]]
'''Jouke Annes Bakker''' ([[Menaam]], [[3 juny]] [[1873]] - dêre [[26 septimber]] [[1956]]) wie in arbeiderssoan dy't him opwurke ta [[Twadde Keamer]]lid foar de [[CHU]].
 
Line 5 ⟶ 6:
 
Mei troch syn eftergrûn wie Bakker in sosjaal beflein man. Hy bejoech him yn 'e [[polityk]], en waard úteinlik as lid fan 'e [[CHU]] yn 'e [[Twadde Keamer]] keazen. It amt fan folksfertsjintwurdiger beklaaide er 27 jier lang, fan [[1918]] oant [[1945]]. Dêrnjonken siet er ek 36 jier yn 'e gemeenterie fan [[Menameradiel]] ([[1909]]-[[1941]]) en wurke er 25 jier lang mei oan it ferskinen fan it blêd ''De Banier'', letter ''Land en Volk''. Bakker hat ek in fearnsieu oan 'e redaksje fan 'e ''Kristlik Histoaryske Nederlander'' meiwurke en hat jierren yn it haadbestjoer fan de ''Unie'' sitten. Fierders wied er jierrenlang [[tsjerkfâd]], en yn 'e Nederlânske Feriening fan Tsjerkfâdijen wie hy 29 jier bestjoerslid, wêrfan 25 jier foarsitter, wylst de Fryske Feriening fan Tsjerkfâdijen him ek 25 jier yn dy funksje meimakke hat. Ek wied er lid fan it haadbestjoer fan 'e ''[[Christelijke Nationale Werkmansbond]]'' en foarsitter fan ’e Fryske ôfdieling en fan ’e redaksje fan it orgaan fan ’e CNW. Hy siet yn it bestjoer fan it [[Griene Krús]], it [[Sikefûns]] (54 jier) en de [[Boerelienbank]] te Menaam en yn it haadbestjoer fan 'e [[Kristlike Hielûnthâldersferiening]]. Fan it kristlike Menamer muzykkorps ''Halleluja'' wie Bakker ien fan 'e oprjochters. Yn 'e [[Twadde Wrâldkriich|oarlochsjierren]] wied er lid fan de Kommisje foar Tsjerklik Oerlis.
[[Ofbyld:Grêf Jouke Oanes Bakker.JPG|left|thumb|220px|It grêf fan Jouke Annes Bakker en de frou op it tsjerkhôf fan [[Menaam]].]]
 
Bakker wie ek behelle yn 'e skoalstriid yn Menaam (foar it rjocht op [[kristendom|kristlik]] [[ûnderwiis]]), oan it begjin fan 'e [[tweintichste ieu]]. Neitiid skreau er dêr ûnder it [[pseudonym]] Jan Oukenes in ferslach yn [[roman]]foarm oer, dat er as titel meijoech ''Kerkelijke Strijd in Menaldum ±1880-±1917''. It giet benammen oer de yntratsjerklike reboelje ûnder de Menamer herfoarmen tusken de frijsinnigen en de otterdoksen. It waard nei gedachten yn 'e jierren tweintich of tritich troch him skreaun en dêrby brûkte er skûlnammen om alle neamde persoanen oan te tsjutten (wêrfan't de measten doe noch libben). It boekwurk waard nea útjûn, mar sirkulearret noch yn 'e Bakker-famylje. In omkesizzer fan Bakker, [[Jouke Klazes Bakker]], hat yn [[1985]] útsocht wa't der efter de brûkte pseudonimen beskûl giene.