Marike fan Nijmegen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L plaatsje
Rigel 1:
[[Ofbyld:Elikser-Marike fan Nijmegen & Elkenien.jpg|thumb|right|200px|De [[Frysk]]e oersetting fan ''Mariken van Nieumeghen'' (yn ien bân mei de oersetting fan ''[[Elckerlijc]]''.]]
[[File:Nijmegen - Standbeeld van Mariken van Nieumeghen van Vera van Hasselt op de Grote Markt.jpg|thumb|right|250px|It stânbyld fan Marike fan Nijmegen, makke troch Vera van Hasselt, op 'e Grutte Merk te [[Nimwegen]].]]
'''''Marike fan Nijmegen''''', yn it oarspronklike [[Midnederlânsk]] '''''Mariken van Nieumeghen''''' (folút: ''Die waerachtige ende seer wonderlycke historie van Mariken van Nieumeghen die meer dan seven jaren met den Duvel woonde ende verkeerde''), is in [[merakelspul]] út it begjin fan 'e sechstjinde ieu wêrfan't de [[skriuwer]] ûnbekend is. It ferskynde foar it earst om [[1518]] hinne by de [[Antwerpen|Antwerpske]] [[útjouwer]] Willem Vorsterman en hat as (religieus) boadskip dat hoe slim oft men ek sûndiget, men kin troch tuskenkomst fan 'e [[Faam Marije]] altiten ferjeffenis krije, salang't men jins sûnden mar opbychtet. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] waard útjûn yn [[2009]].
 
Rigel 7:
==Ynhâld==
Marike wennet tichteby [[Nimwegen]] by har omke, de preester Gysbert. Op in dei giet se nei stêd om't se op 'e merk te boadskipjen wol; se is fan doel om by in muoike yn Nimwegen te oernachtsjen. Dy muoike hat lykwols krekt foar har oankomst flink wurden hân mei in pear oare froulju, dat se is alhiel breinroer en Marike moat it ûntjilde. Muoike beskuldiget har der û.m. derfan dat se yn sûnde libbet mei har omke Gysbert.
[[File:Nijmegen - Standbeeld van Mariken van Nieumeghen van Vera van Hasselt op de Grote Markt.jpg|thumb|rightleft|250px200px|It stânbyld fan Marike fan Nijmegen, makke troch Vera van Hasselt, op 'e Grutte Merk te [[Nimwegen]].]]
 
Oant yn it djipst fan har siel ferwûne, giet Marike wer op hûs oan. Alhiel wanhopich bidt se om help en op dat stuit kin it har neat skele wêr't dy help weikomt. De duvel heart dat en ferskynt har yn it stal fan in Moenen, dy't har ûnthjit om har alle talen en sân frije keunsten te learen, mar net swarte magy. As betingsten stelt Moenen dat Marike har namme feroarje moat (hy hat yn it ferline spul hân mei in Marije) en dat se gjin krús mear slaan mei. Marike stimt ta en tegearre reizgje se oer [[Den Bos]] nei [[Antwerpen]] ta. Dêr libje Moenen en Marike in sûndich bestean.
 
{{Plotbedjer}}
Earst nei sân jier komt Marike wer ris yn Nimwegen, dêr't se op 'e merk in [[weinspul]] (in soarte fan [[Midsieuwen|Midsieusk]] [[toanielstik]]) sjocht dat har slim oangrypt. Hja kriget berou en docht in berop op [[God]] Syn barmhertigens. As reäksje dêrop tilt de lulke Moenen har oant heech yn 'e loft op en lit har dan falle. Lykwols, Marike oerlibbet de fal, om't har omke Gysbert tusken de taskôgers stiet en foar har bidt. De âld preester wit de duvel te ferdriuwen mei it útstprekken fan in [[Bibel]]passaazje.