Nij-Seelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 35:
Nij-Seelân is it lân dat it meast isolearre leit op de wrâld. It tichteby buorlân is Austraalje op om-ende-by 2.000 km ôfstân. It grûngebiet fan Nij-Seelân bestiet yn haadsaak út twa eilannen yn de [[Grutte Oseaan]], it [[Noarder Eilân]] en it [[Suder Eilân]], dy't fan inoar skieden wurde troch de [[Strjitte fan Cook]]. Karakterisearjend foar beide eilannen is de berchrich dy't der oer hinne rint.
 
Op it Noarder Eilân lizze aktive [[fulkaan|fulkanen]] en der binne in protte [[geiser (boarne)|geisers]] en waarme boarnen. It Suder Eilân wurdt behearske troch de [[Nij-Seelânske Alpen]], dêr't Mount Cook mei in hichte fan 3.764 meter it heechste punt fan is. De berchrich strekt him by de westkust lâns goed 300 km fier út. Oer in part fan de rich lizze [[gletsjer]]s. De alpen rinne oan oant de de westkant styl ôf mar geane yn it easten oer yn in wide flakte. Yn it súdwesten leit in fjordengebiet. De oarspronklike fegetaasje is foar it grutste part yn de [[19e ieuiuw]] ferdwûn troch de oanlis fan greiden.
 
It lân beskikt oer in unike dierewrâld mei fral ynhiemske fûgelsoarten (kea, kakapo, kiwi). By it grûngebiet fan Nij-Seelân hearre ek it min tagonklike mei bosken bedekte [[Stewardeilân]] en in hânfol gebieten yn de [[Stille Súdsee]]. It lân easket ek in sektor fan [[Antarktika]] op.
Rigel 45:
Der binne fynsten dien dy't wize op iere bewenning, mar dêroer bestiet lykwols gjin wissichheid. Wat al wis is, is dat tusken 500 en 1300 [[Polyneezje|Polynesyske]] bewenners, de [[Maorys]], harren op de eilannen fêstigen.
 
De earste Jeropeanen dy't Nij-Seelân oandienen wienen de Nederlanner [[Abel Tasman]] en syn bemanning. Yn desimber [[1642]] kamen sy oan yn it noarden fan it Suder Eilân en leinen kontakt mei pleatslike Maorys. De moeting ferrûn lykwols stoef en neidat inkele fan syn manlju deade waarden, gong Tasman fuort sûnder sels oan lân west te hawwen. Mear as in ieuiuw letter, yn oktober 1769, arrivearre de Britske luitenant [[James Cook]], dy't wol oan wâl kaam en der yn slagge om hannel te driuwen mei de Maorys.
Sûnt 1790 waarden de wetters om Nij-Seelân geregeldwei besocht troch Britske, Frânske en Amerikaanske [[walfiskfarder]]s en wer wat desennia letter fêstigen de earste Jeropeanen har op de eilannen. As gefolch fan de Jeropeeske ynminging en de ferkeap fan wapens oan Maorys, brutsen der geregeldwei skermutselings út tusken de Maorys ûnderinoar en mei Jeropeanen. By it besykjen in ein te meitsjen oan de ûnienigens oer lân, waard op [[6 febrewaris]] [[1840]] troch fertsjintwurdigers fan de Britske kroan en wat Maory-stamhaden fan it Noarder Eilân it [[Ferdrach fan Waitangy]] tekene, dat Nij-Seelân in Britske koloanje makke en ôfspraken oer de ferdieling fan lân regele. Nei de earste ûndertekening binne ferskate kopyen troch de lannen gongen en troch noch mear stamhaden tekene, oant op it lêst sa'n 500 stamhaden tekene hienen.
Rigel 53:
Yn de [[Earste Wrâldkriich|Earste]] en [[Twadde Wrâldkriich]] hawwe in protte Nij-Seelânske militêren as Britten út de koloanje meifochten yn it Britske leger, yn Jeropa en Afrika. De kâns op in Japanske oanfal op Nij-Seelân waard yn de Twadde Wrâldkriich hiel grut achte dat it leger yn Nij Seelân waard paraat holden. Dy oanfal is der lykwols net fan kaam.
 
Yn de jierren nei de Twadde Wrâldkriich hâlde Nij-Seelân in sterke bân mei it Feriene Keninkryk en wat in stabile ôfset merke joech, mar ek in grutte ôfhinklikens. Yn 1967 gie it lân oer fan it [[NijsieuwskNijsiuwsk Pûn|NijsieuwskeNijsiuwske Pûn]] op de [[NijsieuwskNijsiuwsk Dollar|NijsieuwskeNijsiuwske Dollar]] as ferfanging fan it Britske muntstelsel, en ek it ymperiale mjittestelsel waard ferfongen troch it metrike. Yn 1973 waard Grut Brittanje lid fan de Jeropeeske mienskip, wêrtroch de posysje fan de oare lannen fan it Britske Steatebûn minder waard.
 
Sûnt 1984 hawwe opienfolgjende kabinetten it foar it meastepart sosjalistyske en agraryske lân omboud ta in selsstannige yndustriële naasje mei in frijemerk-ekonomy, mar al mei behâld fan de sterke agraryske sektor.