Diederik Samsom: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 5:
 
== Biografy ==
Samsom syn heit en pake wiene beide ynternist yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en komme út it laach Samsom dat ein [[19e ieuiuw]] yn [[Alfen oan de Ryn]] in útjouwerij fan wetteksten en administrative systemen oprjochte. Syn mem wie fysioterapeute, wurke earst mei swaksinnige bern yn Ljouwert en Boalsert, dêrnei hie se in eigen paraktyk. Diederik groeide op oan de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. Fierde aksje om it Steedlik Gymnasium selsstannich bliuwe te liten en wie lid fan swimferiening Orca. Yn [[1989]] helle Diederik Samsom syn [[gymnasium]]-diploma oan dit [[Piter Jelles Gymnasium|Steedlik Gymnasium]] yn Ljouwert. Dênei hat hy fan 1989 - 1997 [[technyske natuerkunde]] (ôfstudearrjochting [[kearnfysika]]) studearre oan aan de [[Technyske Universiteit Delft]], dêr't hy syn [[yngenieur]]stitel helle. Yn syn studintetiid wie hy lid by [[OJV de Koornbeurs]] dêr't hy yn 1990 - 1991 ficefoarsitter fan wie. Ear't hy yn de Keamer kaam wie Samsom ûnder oare aktyf as aksjefierder en kampanjelieder by [[Greenpeace]] en as bestjoerslid fan it Delftse [[studintefakbûn]] [[VSSD]]. Yn dy hoedanigens wie hy ek aktyf by de [[Lanlike Studinte Fakbûn|LSVb]] en stelde hy in jiergong fan it [[Poenboek]] gear. Hy wie by de Twadde Keamerferkiezingen 2002 al kandidaat foar de Twadde Keamer, mar waard troch it grutte ferlies fan syn partij net keazen.
 
Nei dy ferkiezings waard Samsom direkteur fan syn eigen enerzjybedriuw ''Echte Energie'', dat hannelt yn [[griene stroom]]. Dit bedriuw is yn 2008 oernomd troch Eneco.