Ymperialisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: eo:Imperiismo is een goed artikel; tekstwiziging
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
'''Ymperialisme''' is it proses dêr 't lannen harren macht yn oare dielen fan de wrâld by útwreidzje wolle troch gebieden te feroverjen en te behearskjen.
 
Sûnt ein [[15e ieuiuw]] wienen Europeeske lannen al dwaande mei ekspânsje. Foar dy tiid wie der noch sprake fan in oantal lykweardige grutte [[beskaving|wrâldbeskavings]]. Dêrnei naam Europa troch har technyske, militêre en ekonomyske oerwicht mear en mear de lieding. Mei troch wikseljende kombinaasjes fan ekonomyske, wittenskiplike en religjeuze motiven begûn de Europeeske macht rûnom op ierde fielber te wurden. Oant [[1870]] wie de Europeeske ynfloed yn [[Aazje]] en [[Afrika]] noch frij lyts. Europeanen beperkten har ta it stiftsjen fan hannelskoloanjes yn kustgebieten. Se grypten net yn yn de besteande produksjewizen, se dreaunen hannel yn produkten dy't de besteande ynlânske ekonomy fuortbrocht. Ek de politike struktueren lieten se yntakt. Yn de rin fan de [[19e ieuiuw]] wreiden de Europeeske koloanjes har stadichoan út.
 
Tusken [[1870]] en [[1914]] feroare dy efterhâldenheid radikaal. It tempo fan de Europeeske ekspânsje gie dramatysk omheech. Hast heul [[Afrika]], [[Oseaanje]] en grutte dielen fan [[Aazje]] waarden ûnder Europeesk bestjoer brocht. De Europeanen begûnen harren koloanjes systematysk te eksploitearjen. Se begûnen it meitsjen fan produkten op in moderne ekonomysk manier oan te pakken. Sa ynvestearren se yn de [[mynbou]] en [[plantaazje]]kultueren as [[tabak]], [[rubber]], [[sukroaze|sûker]], [[tee]] en [[kofje]] en ferbetteren se de ynfrastruktuer om de produkten makliker te ferhanneljen troch de oanlis fan spoarwegen en [[haven]]s. Der waarden banken en fersekeringsmaatsjkippijne opsetten en de horeka ûntwikkele him om Europeanen temjitte te kommen.