Waadsee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 25:
Al fier foar it begjin fan ús jiertelling wie der minsklike bewenning yn it waadgebiet. Oant de achtste iuw nei Kristus wenje de minsken benammen op terpen. De libbensomstannichheden wiene min, alteast yn 'e eagen fan oaren, sa’t út in sitaat fan de Romein [[Plinius]] bliken docht:
 
:''.....wat is de natuer en karakteristiken fan it libben fan minsken dy’t libje sûnder beammen of struken. Wy ha yndie sein dat yn it easten, oan de kusten fan de oseaan, in tal rassen yn sokke earmoedige kondysjes ferkeare; mar dit jildt ek foar de rassen fan folken dy’t de Grutte en Lytse Ghaucen neamd wurde, dy’t wy sjoen hawwe yn it noarden. Daar stoart, twa kear yn elke perioade fan in dei en in nacht, de oseaan him mei in fluch tij oer in ûnmjitlike flakte, dêrby de iuwenâlde striid fan de Natuer ferhoaljend of it gebiet ta it lân of ta de see heart. Dêr bewennet dit miserabele ras ophege stukken grûn of platfoarms, dy’t se mei de hân oanlein ha boppe it nivo fan it heechst bekende tij. Libjend yn hutten boud op de keazen plakken, lykje hja op seelju yn skippen as it wetter it lân dêromhinne bedekt, mar op skipbreklingen as it tij him weromlutsen hat, en om harren hutten fange se de fisk dy’t besiket fuort te kommen mei it ôfgeande tij. It is foar harren net mooglik om kuddes te hâlden en te libjen op molke lykas stammen dêromhinne, hja kinne net iens mei wylde bisten fjochtsje, omdat it bosklân fier fuort leit. Hja flechtsje touwen fan sigge en bizen fan de moerassen om dêrmei netten sette te kinnen om fisk te fangen, en hja grave modder op mei harren hannen en droegjedrûgje it mear yn de wyn as yn de sinne, en mei ierde al branje ferwaarmje se harren fiedsel en harren eigen lichems, beferzen yn de noardewyn. Harren ienige drank komt fan it opslaan fan reinwetter yn tanks yn it foarhôf fan harren huzen. En dit binne de rassen dy’t at se no oerwûn wurde troch de Romeinske naasje, sizze dat se ferfalle ta slavernij! It is mar al te wier: Het lot sparret de minske by wize fan straf.''
 
Om it jier [[1000]] waard begûn mei de oanlis fan [[dyk|diken]]. In belangrike rol waard dêrby spile troch de kleasterlingen, ûnder oare dy fan it [[Kleaster fan Auwert]]. Mar ek dêrfoar waard al besocht om de see te betwingen. By [[Peins]] is in 40 meter lang stik dyk fûn dat nei alle gedachten stammet út de earste of twadde iuw foar Kristus.