Belgje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 41:
Yn âlde tiden waard Belgje befolke troch ferskate [[Kelten|Keltyske]] folken, wêr't de Menapii de wichtichste fan wiene. Letter yn de [[Romeinske ryk|Romeinske tiid]] waarden alle Keltyske stammen yn it gebiet tusken [[Noardsee]], [[Ryn]], [[Seine]] en [[Marne]] (Súd-Nederlân, Belgje, Noard-Frankryk en parten fan West-Dútslân) meiïnoar oantsjutten as [[Belgen|Belgae]] en hearde by it [[Romeinske ryk]].
 
Nei it tiidrek fan de Romeinen krigen de [[Franken]] it foar it sizzen yn Belgje en yn de midsieuwenmidsiuwen hearde it ôfwikseljend by it [[Frankyske ryk]] en [[Hillige Roomske ryk|Dútske ryk]]. De [[Skelde]] tsjinne as grins tusken beide riken. Yn de [[15e ieuiuw]] kaam it yn hannen fan de [[Habsburch|Habsburgers]] en op de ein fan de [[18e ieuiuw]] troch de [[Frankryk|Frânsken]]. Nei de nederlaach fan [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]] yn [[1815]] gong Belgje op yn it [[Keninkryk fan de Nederlannen]] om sa in [[buffersteat]] te foarmjen tsjin [[Frankryk]]. Belgje waard yn [[1830]] útroppen ta in ûnôfhinklike [[konstitúsjonele monargy]]. It biedwurd fan België is 'iendracht makket macht'. Dy iendracht sloech yn 1830 op de feriening fan de njoggen provinsjes. De njoggen provinsjewapens binne ek fertsjintwurdige yn it wapenskyld fan it lân.
 
De Earste Wrâldkriich begjint yn Belgje at Dútslân syn [[Von Schlieffenplan]] yn augustus [[1914]] útfierd. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] waard Belgje sawat hielendal beset troch [[Dútslân]]. Inkeld it gebiet efter de [[Izer (rivier)|Izer]] yn West-Flaanderen koe doe ûnder Belgyske kontrôle bleauwe. It tal deade militêren oan Belgyske kant hie leger wêze kind as de hegere offisieren net ientalich Frânsk west hienen. It Belgyske regear wie nei de kriich poer op Nederlân omdat fan it Nederlânske regear, nettsjinsteande de neutraliteit, it Dútske leger oer Nederlânsk grûngebiet weromlûke mocht. Yn [[1919]] easke it Belgyske regear grûngebiet fan Nederlân, mar dat besykjen wie fergees. Yn 1919 krige it Belgyske folk algemien kiesrjocht, mar dat soe oant 1948 allinnich foar de manlju jilde. It Belgyske regear hie yn it [[ynterbellum]] in ryk polityk ferskaat foar oare Jeropeeske lannen oer. Belgje wie it iennichste lân dêr't sosjalisten, liberalen en katoliken meiïnoar gearwurken. Oare partijen yn it ynterbellum wienen it ''Vlaamsch Nationaal Verbond'' (Flaamsk Nasjonaal Bûn), en de Kommunistyske Partij.
Rigel 102:
 
== Ekonomy ==
Yn de 19e ieuiuw wie de stiel- en koalyndystry yn [[Walloanje]] grut, wêrtroch it Frânsktalige suden ekonomysk sterker wie as [[Flaanderen]]. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard de stiel- en koalyndustry lytser. Yn dyselde tiid groeide de gemyske en petroaliumyndystry yn [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] en [[Gent]]. Troch dy ûntwikkeling waard Flaanderen ekonomysk sterker. Hjoed de dei is neist de taal ek de ekonomy in swier polityk diskusjepunt yn Belgje.
 
De Belgyske Franc wie de wikselkoers tusken 1832 en 2002. Yn 2002 krige Belgje de [[Euro]].