Franz Liszt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Alpinu (oerlis | bydragen)
Rigel 23:
 
[[Ofbyld:Marie d'Agoult.jpg|thumb|200px|left|Marie d'Agoult, yn 1843 (Parys, Musée Carnavalet)]]
Fan [[1833]] oant [[1844]] hie Liszt in ''liaison'' mei de skriuwster [[Marie Catherine Sophie de Flavigny]], grevinne d’Agoult - better bekend ûnder har [[pseudonym]] ''"Daniel Stern"''. Om it skandaal út de wei te gean flechten sy nei Genêve. Sy krigen twa dochters, Blandine en Cosima, en in doan, Daniël dy’t al jong stoar. Dochter Blandine, troude letter yn in foarneam Frânsk laach; dochter [[Cosima Liszt|Cosima]] (1837-1930) troude yn 1857 mei [[Hans von Bülow]] en yn 1870 mei [[Richard Wagner]]. Neist leafde betsjutte dy relaasje foar Liszt ek finansjele wissichheid en in fêst ferbliuwplak. Ek Marie Catharina har protte kunde sil Liszt wol fertuten dien hawwe. De relaasje einige yn 1844, ûnder oaren omdat Liszt in soad fan hûs wie en omdat er it flirten mei oare froulju net litte koe. Yn dizze perioade skreau er syn ferneamde [[ÉtudesDouze études d'Exécutionexécution Transcendantetranscendante]], [[Grandes Etudesétudes de Paganini]] en twa fan de trije suites [[Années de Pèlerinagepèlerinage]] en spile er op sawat alle grutte konsertpoadiums fan Europa. Hy krige de iene nei de oare ûnderskieding en fertsjinne in slompe jild, noch mar goed 30 jier âld.
 
Yn [[1847]] krige er by in konsertreis yn [[Ruslân]] kunde oan foarstinne Carolyne zu [[Sayn und Wittgenstein|Sayn-Wittgenstein]] (1819 - Rome, 1890). In houlik koe it net wurde, omdat de [[Roomsk-katolike Tsjerke|katolike tsjerke]] it ûntbinen fan it houlik tusken prinses Carolyne en har man, prins Nicholas zu [[Sayn und Wittgenstein|Sayn-Wittgenstein]] ferbea. Sy hawwe oant yn 1860 besocht om ta in houlik te kommen, mar koene lang om let allinne freonen bliuwe. Yn 1848 festiget er him yn [[Weimar]], dêr’t er al yn 1842 as dirigint (''Hofkapelmeister in ausserordentlichen Diensten'') oantsteld wie; Carolyne folge him dêrhinne.