George Bird Grinnell: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
ynfoboks
Rigel 1:
{{Ynfoboks skriuwer
[[File:GeorgeBirdGrinnell.JPG|right|thumb|200px|George Bird Grinnell.]]
| ôfbylding = GeorgeBirdGrinnell.JPG
'''George Bird Grinnell''' ([[20 septimber]] [[1849]] – [[11 april]] [[1938]]), wie in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[soölooch]], [[antropolooch]], [[etnolooch]], [[histoarikus]] en [[publisist]]. Hy wie ien fan 'e earste natoerbeskermers fan 'e Feriene Steaten en sette him yn 't bysûnder yn foar it fuortbestean fan 'e slim bedrige [[Amerikaanske bizon]]. Fierders ferdjippe er him ek yn 'e kultuer fan 'e [[Yndianen|Yndiaanske folken]] fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]], dêr't er ferskate heech oanskreaune boeken oer publisearre.
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte = 170px
| oar pseudonym =
| echte namme = George Bird Grinnell
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]
| berne = [[20 septimber]] [[1849]]
| berteplak = [[New York (stêd)|New York]] ([[New York (steat)|New York]])
| stoarn = [[11 april]] [[1938]]
| stjerplak =
| etnisiteit = [[File:Flag of the United States.svg|20px]] [[Angelsaksyske Amerikanen|Angelsaksysk Amerikaansk]]
| taal = [[Ingelsk]]
| sjenre = [[non-fiksje]] <small>([[soölogy]], [[antropology]], <br>[[etnology]], [[skiednis|hist. wurk]])</small>
| perioade = [[Belle Époque]], 1e helte [[20e ieu]]
| streaming =
| tema's = [[natoer]]beskerming, [[Yndianen|Yndiaanske]] <br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[kultuer]]en
| bekendste wurk(en) = ''The Fighting Cheyennes'' <br>''The Cheyenne Indians''
| útjouwer =
| prizen =
| jierren aktyf = [[1874]] – [[1938]]
| webside = ''n.f.t.''
}}
'''George Bird Grinnell''' ([[20 septimber]] [[1849]] – [[11 april]] [[1938]]), wie in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[soölooch]], [[antropolooch]], [[etnolooch]], [[histoarikus]] en [[publisist]]. Hy wie ien fan 'e earste natoerbeskermers fan 'e Feriene Steaten en sette him yn 't bysûnder yn foar it fuortbestean fan 'e slim bedrige [[Amerikaanske bizon]]. Fierders ferdjippe er him ek yn 'e kultuer fan 'e [[Yndianen|Yndiaanske folken]] fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]], dêr't er ferskate heech oanskreaune boeken oer publisearre.
 
==Libben==
Line 7 ⟶ 29:
 
Yn [[1875]] waard Grinnell troch kolonel [[William Ludlow]], dy't er koe fan 'e ekspedysje nei de Black Hills yn it foargeande jier, útnoege foar in nije ekspedysje nei [[Montana]] en it doe krekt oprjochte [[Nasjonaal Park Yellowstone]] yn [[Wyoming]]. Op eigen manneboet foege Grinnell oan it ferslach fan dy ekspedysje in taheakke ta wêryn't er de omfang fan 'e [[streuperij]] yn Yellowstone dokumintearre. De ûnderfinings út dy jierren makken dat Grinnell him ûntjoech ta ien fan 'e earste natoerbeskermers fan 'e Feriene Steaten. Yn [[1885]], [[1887]] en [[1891]] besocht er de krite yn noardlik Montana dy't yn [[1910]] mei troch syn krewearjen it [[Nasjonaal Park Glacier]] wurde soe, en dêr't de nei him ferneamd [[Grinnellgletsjer]] leit. Yn [[1899]] makke er ûnderdiel út fan in wittenskiplike ekspedysje dy't de kust fan [[Alaska]] bestudearre.
[[File:George Bird Grinnell Tower 2009.JPG|right|thumb|200px|It grêf fan George Bird Grinnell (mei obelisk), yn [[De Bronx]], yn [[New York (stêd)|New York]].]]
 
Grinnell sette him syn hiele karriêre yn foar it behâld fan 'e lânseigen [[fauna]] fan [[Noard-Amearika]], en publisearre wittenskiplike artikels en lobbyde by it [[Amerikaansk Kongres|Amerikaanske Kongres]] om 'e mei útstjerren bedrige [[Amerikaanske bizon|bizon]] te rêden. Yn [[1887]] wied er, yn 'e mande mei û.m. generaal [[William Tecumseh Sherman]], in held út 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch|Boargeroarloch]], en de lettere presidint [[Theodore Roosevelt]], ien fan 'e oprjochters fan 'e Boone en Crockett Klub, dy't tawijd wie oan it behâld fan 'e Amerikaanske wyldernis. Mei it oannimmen fan 'e Beskermingswet foar Nasjonale Parken, yn [[1894]], krigen de natoerbeskermers einlings en te'n lêsten in wapen yn 'e hannen tsjin 'e neat-ûntsjende streupers, dy't de bizons fan Yellowstone tsjin [[1902]] werombrocht hiene ta net mear as 23 eksimplaren.
 
Njonken syn ynset foar natoerbehâld rekke Grinnell op 'e Grutte Flakten ek belutsen by de [[Yndianen]]. Hy lei him derop ta om [[antropology]] en [[skiednis]] te learen en sette útein mei de kultuer fan 'e Flakte-Yndianen te beskriuwen. Syn bekendste wurken binne dy oer de [[Sjajinnen]] (''Cheyenne''), wêrûnder ''The Fighting Cheyennes'', út [[1915]], en it twadielige ''The Cheyenne Indians: Their History and Lifeways'', út [[1923]]. Hy beskreau ek it libben fan it Sjajinske opperhaad [[Lytse Wolf]], mei wa't er goed befreone rekke. Teffens publisearre er boeken oer de kultueren fan 'e [[Pâny (folk)|Pâny]] (''Pawnee'') en de [[Swartfuotten (folk)|Swartfuotten]] (''Blackfeet''). Grinnell stoar yn [[1938]].
 
==Wurk (in kar)==
[[File:George Bird Grinnell Tower 2009.JPG|right|thumb|200px|It grêf fan George Bird Grinnell (mei obelisk), yn [[De Bronx]], yn [[New York (stêd)|New York]].]]
* 1889 – ''Pawnee Hero Stories and Folk-Tales''
* 1892 – ''Blackfoot Lodge Tales''
* 1895 – ''Hunting In Many Lands: The Book Of The Boone And Crockett Club''
* 1920 – ''The Story of the Indian''
* 1900 – ''The Indians of Today''
* 1901 – ''American Duck Shooting''
* 1901 – ''The Punishment of the Stingy''
* 1902 – ''Alaska 1899: Essays from the Harriman Expedition''
* 1904 – ''American Big Game in Its Haunts''
* 1910 – ''American Game-Bird Shooting''
* 1911 – ''Trails of the Pathfinders''
* 1913 – ''Beyond the Old Frontier''
* 1913 – ''Blackfeet Indian Stories''
* 1915 – ''The Fighting Cheyennes''
* 1920 – ''When Buffalo Ran''
* 1923 – ''The Cheyenne Indians, Vol. 1: History and Society''
* 1923 – ''The Cheyenne Indians, Vol. 2: War, Ceremonies, and Religion''
* 1926 – ''By Cheyenne Campfires''
* 1928 – ''Two Great Scouts and Their Pawnee Battalion''
* 1931 – ''The Boy Scout's Book of True Adventure, Fourteen Honorary Scouts'' (mei oaren, ynkl. in foarwurd troch [[Theodore Roosevelt]])
* 2005 – ''My Life As An Indian: The Story Of A Red Woman And A White Man In The Lodges Of The Blackfeet''
* 1933 – ''Hunting on Three Continents'' (red., mei [[Kermit Roosevelt]], [[W. Redmond Cross]] en [[Prentiss N. Gray]])
 
{{boarnen|boarnefernijing=