Double Falsehood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 1:
'''''Double Falsehood''''', folút: '''''Double Falsehood, or: The Distressed Lovers''''' (yn ier achttjinde-ieuske stavering '''''Double Falshood, or: The Distrest Lovers'''''; "Dûbeld Bedroch, of: De Oerstjoere Minners"), is in [[Ingelân|Ingelsk]] [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e [[skriuwer]] [[Lewis Theobald]]. Dy bewearde dat er trije manuskripten yn 'e hannen krigen hie dy't stammen út 'e tiid fan 'e [[Restauraasje fan it Hûs Stuart|Restauraasje]] (om [[1660]] hinne), en dy't fan ien en itselde nammeleaze toanielstik fan 'e wiidferneamde [[toanielskriuwer]] [[William Shakespeare]] wiene. Theobald "ferbettere" se yn [[1727]] en publisearre it resultearjende stik it jiers dêrop ûnder de titel ''Double Falsehood''.
 
Sadwaande mienden party saakkundigen dat ''Double Falsehood'' op in ferlern gien stik fan Shakespeare basearre wie, hoewol't oaren, fral út syn eigen tiid, Theobald foar in fantast holden (ek al leit de man fierders ûnder [[literatuer|literêre]] kritisy op in goede namme), of foar it slachtoffer fan [[oplichting]] troch de ferkeaper(s) fan 'e trije manuskripten. De hjoeddeiske konsensus yn akademyske fermiddens hinget derta oer om ''Double Falsehood'' te beskôgjen as in werskreaune ferzje fan in Shakespeariaansk toanielstik. Ut in wittenskiplik rapport dat [[Ryan Boyd]] en [[James W. Pennebaker]] fan 'e [[Universiteit fan Teksas te Austin]] yn [[2015]] yn it tydskrift ''Psychological Science'' publisearren, bliek op grûn fan statistysk en psychologysk bewiismateriaal út ''Double Falsehood'' dat ferlike waard mei toanielstikken wêrfan't de auteur bekend is, dat ''Double Falsehood'' trije skriuwers hie, dy't te identifisearjen wêze soene as Shakespeare, dy syn jongere tiidgenoat en ko-auteur [[John Fletcher (toanielskriuwer)|John Fletcher]], en Lewis Theobald.

Oangeande de identiteit fan dat stik wiist it beskikbere bewiismateriaal benammentlik yn 'e rjochting fan 'e ferlern giene [[komeedzje]] ''[[Kardenio]]'', mei't men mient dat dy, krekt as ''Double Falsehood'', weromgrypt op it ferhaal oer it personaazje Cardenio yn it masterwurk ''[[Don Quichot]]'', fan 'e [[Spanje|Spaanske]] auteur [[Miguel de Cervantes]], út [[1605]].
 
==Cardenio yn ''Don Quichot''==