Ferskil tusken ferzjes fan "A Civil Campaign"

ynfoboks
(ynfoboks)
{{Literatuer
[[File:Bujold2012.png|thumb|right|250px|Lois McMaster Bujold op 'e ''Finncon''-konvinsje te [[Tampere]], yn [[Finlân]] ([[2012]]).]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''A Civil Campaign''
| oarspr. titel =
| auteur = [[Lois McMaster Bujold]]
| taal = [[Ingelsk]]
| foarm = [[roman]]
| sjenre = [[science fiction]]
| 1e publikaasje = [[1999]], [[New York (stêd)|New York]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer = [[Baen Books]]
| rige = [[Vorkosigan-kroniken|''Vorkosigan''-kroniken]]
| foarich diel = ''[[Komarr]]''
| folgjend diel = ''[[Winterfair Gifts]]''
| bondel =
| prizen = nom. foar in [[Hugo Award]] <br>nom. foar in [[Nebula Award]]
| ISBN = 978-0 67 15 78 275
| Fryske titel =
| publikaasje =
| útjouwer =
| oersetter =
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
'''''A Civil Campaign''''' is in [[science fiction]]-[[roman]] fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] [[skriuwer|skriuwster]] [[Lois McMaster Bujold]]. It makket ûnderdiel út fan 'e [[Vorkosigan-kroniken|''Vorkosigan''-kroniken]], Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. It is in romantyske [[komeedzje]], dy't yn 'e rige oer it libben fan 'e lichaamlik beheinde haadpersoan Miles Vorkosigan daliks folget op it folle swiersettiger ''[[Komarr]]''. Yn it hilaryske ''A Civil Campaign'' fiert Miles in útprakkesearre kampanje om 'e begearlike Ekaterin foar him te winnen, wat troch syn eigen selsfoldienens en de bemuoienissen fan syn aparte famyljeleden en freonen nuver beteart. It boek waard foar it earst útjûn yn [[1999]] en is ûnderwilens oerset yn njoggen talen.
 
 
Mei't yn ''A Civil Campaign'' de langferwachte brulloft fan keizer Gregor fan Barrayar plakfynt, wie de wurktitel lange tiid ''ImpWed'' (in ôfkoarting fan ''Imperial Wedding'', "Keizerlike Brulloft"), wat in wurdspiling foar ''insiders'' is op 'e Barrayareeske geheime tsjinst ''ImpSec'' (in ôfkoarting fan ''Imperial Security'', "Keizerlike Feilichheidstsjinst", sis mar "KeizFeil"; dus ''ImpWed'' kin oerset wurde as "KeizBrul"). Mar sa'n titel wie fansels oan it grutte publyk net bestege. Op it langelêst rette Bujold har freon Mike Ford har de titel ''Rules of Engagement'' oan, mar doe die bliken dat de skriuwster [[Elizabeth Moon]] al in roman mei dyseldichste titel by ''[[Baen Books]]'' yn 'e piiplieding hie. Uteinlik betocht Bujold sels de titel ''A Civil Campaign'', dat sawol "In Boargerlike Fjildtocht" as "In Hoflike Fjildtocht" betsjutte kin.<ref> Bujold, Lois McMaster, ''Afterword'', yn 'e omnibus ''Miles in Love'', s. 860-861.</ref>
[[File:Bujold2012.png|thumb|rightleft|250px|Lois McMaster Bujold op 'e ''Finncon''-konvinsje te [[Tampere]], yn [[Finlân]] ([[2012]]).]]
 
De (úteinlike) titel fan ''A Civil Campaign'' is in ferwizing nei it boek ''A Civil Contract'' fan 'e njoggentjinde-ieuske [[Ingelân|Ingelske]] skriuwster [[Georgette Heyer]], fan wa't Bujold in grutte fan is. Bujold neamt Heyer ek yn 'e mande mei [[Charlotte Brontë]], [[Dorothy L. Sayers]] en [[Jane Austen]] as har grutste ynfloeden by it skriuwen fan ''A Civil Campaign'', al is hàr boek net inkeld [[Romantyk|romantysk]] mar dêrnjonken ek komysk mei hjir en dêr in úthaal nei klearebare hilariteit ta. Bujold seit dêroer: ''"Wat bart der mei twa sjenres wêrfan't beweard wurdt dat se net te mingen binne, as je se tegearre yn in flesse stopje en dy ris goed skodzje?"''<ref> Bujold, Lois McMaster, ''Afterword'', yn 'e omnibus ''Miles in Love'', s. 860.</ref>