De Twa Tuorren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
[[Ofbyld:Tolkien 1916.jpg|right|thumb|250px|John Ronald Reuel Tolkien yn [[1916]].]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''De Twa Tuorren''
| oarspr. titel = ''The Two Towers''
| auteur = [[J.R.R. Tolkien]]
| taal = [[Ingelsk]]
| foarm = [[roman]]
| sjenre = [[fantasy (sjenre)|fantasy]]
| skreaun =
| 1e publikaasje = [[1954]], [[Londen]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer = [[George Allen & Unwin]]
| rige = ''[[The Lord of the Rings]]''
| foarich diel = ''[[The Fellowship of the Ring]]''
| folgjend diel = ''[[The Return of the King]]''
| bondel =
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''De Twa Tuorren''
| publikaasje = (noch net útjûn)
| útjouwer =
| oersetter = dû. [[Liuwe H. Westra]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
'''''De Twa Tuorren''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''The Two Towers''''', is in [[fantasy (literêr sjenre)|fantasy]]-[[roman]] fan 'e hân fan 'e wiidferneamde [[Grut-Brittanje|Britske]] [[skriuwer]] en [[taalkunde|taalkundige]] [[J.R.R. Tolkien]] ([[1892]]-[[1973]]). Yn 'e mande mei ''[[It Selskip fan de Ring]]'' en ''[[De Kening Komt Wer]]'' makket it diel út fan 'e epyske trilogy ''[[Master fan Alle Ringen]]'' (''[[The Lord of the Rings]]''), dy't Tolkien syn wiidweidichste en bekendste wurk is. ''The Two Towers'', dat it twadde diel fan 'e trilogy is, fertelt it ferhaal fan 'e [[hobbit]] of [[healmling]] Frodo Balsma (Ingelsk: Frodo Baggins) en dy syn gefaarlike kweeste om 'e Iene Ring fan 'e dûnkere hear Sauron werom te bringen nei de fjurren fan 'e Doemberch, yn it fiere en yslike lân Mordor, dat it iennichste plak is dêr't it nuodlike ding ferneatige wurde kin. De roman waard foar it earst publisearre yn [[1954]]; yn [[2002]] kaam de populêre en bekroande ferfilming ''[[The Lord of the Rings: The Two Towers]]'' fan [[regisseur]] [[Peter Jackson]] út. De [[Frysk]]e oersetting fan it boek, fan 'e hân fan [[Liuwe Westra]], is op kommendeweis en sil foar it neist yn 'e rin fan [[2015]] ferskine.
 
Line 25 ⟶ 51:
===Boek IV===
Nei't se by Rauros harren selskipslju efterlitten hawwe, reizgje Frodo en Tabe súdoan troch de woeste lânsdouwen eastkant de Grutte Rivier, op harren kweeste nei it dûnkere lân Mordor, dêr't se de Iene Ring yn 'e fjurren fan 'e Doemberch smite moatte om him te ferneatigjen. Se ûntdekke dat se efterfolge wurde en fange it trochferkearde wêzen Gollum, dat harren al fan har trochtocht troch de Minen fan Moarje efternei sit. Gollum, dy't de ring ieuwenlang yn besit hie en der alhiel troch ferwrongen is, wol op 'e iene of oare manear de ring werom sjen te krijen, mar de beide hobbits kin er net oan, dat hy besiket by Frodo yn 'e geunst te kommen, yn 'e hope dat er him sa ferrifelje en úteinlik de ring ûntnaderje kinne sil. Tabe hat in ôfwearze fan it wêzen, mar Frodo hat begrutsjen mei him. Gollum biedt oan om harren nei Mordor te lieden fia in geheime wei troch de Deademanssompen, sadat se net opmurken wurde sille troch oarken. As Gollum syn wurd neikommen is, arrivearje se by de Swarte Poarte, de iennichste pas yn 'e berchrigen dy't Mordor omjouwe, en treffe dy sletten en swierbewekke oan.
[[Ofbyld:Tolkien 1916.jpg|rightleft|thumb|250px200px|John Ronald Reuel Tolkien yn [[1916]].]]
 
Gollum fertelt harren dan fan in oare, geheime tagong ta Mordor, en mei him as gids reizgje se fierder súdoan, by de Skaadbergen lâns dy't de westgrins fan Mordor foarmje. Dêrby komme se troch it lân Ithilien, dat foarhinne in provinsje fan Gondor wie, mar no in ferlitten woastenije is. Se wurde dêr oanholden troch in groepke Gondoreeske grinsjagers dy't op in ferkenningstocht binne. Harren oanfierder blykt Faramir, de jongere broer fan Boromir, te wêzen. Fan him kriget Frodo de tynge fan Boromir syn dea te hearren, dêr't Faramir in dream oer hân hat. Tabe lit by fersin slûpe dat Frodo de Iene Ring by him hat, en Frodo fertelt Faramir dan it hiele ferhaal mar. Faramir lit harren gean en har reis fuortsette, mar warskôget Frodo om net tefolle op Gollum te betrouwen.
Line 34 ⟶ 61:
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Tolkien, J.R.R.}}, ''The Lord of the Rings'', Londen, 2001 (HarperCollins Publishers), ISBN 0 00 71 23 817.
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/The_Two_Towers ''References'', op dizze side].
}}
 
{{DEFAULTSORT:Twa Tuorren, De}}
[[Kategory:Tolkien]]
[[Kategory:Roman]]
[[Kategory:Fantasyliteratuer]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]