De Dominy fan Vejlby: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
[[File:S Blicher.jpg|right|thumb|180px|Steen Steensen Blicher.]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''De Dominy fan Vejlby''
| oarspr. titel = ''Præsten i Vejlby''
| auteur = [[Steen Steensen Blicher]]
| taal = [[Deensk]]
| foarm = [[novelle]]
| sjenre = [[detektiveferhaal]]
| skreaun =
| 1e publikaasje = [[1829]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer =
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel =
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''De Dominy fan Vejlby''
| publikaasje = [[1952]], as [[fúljeton]]
| útjouwer =
| oersetter = [[Gerryt Dykstra]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
'''''De Dominy fan Vejlby''''', yn it [[Deensk]]: '''''Præsten i Vejlby''''' (eins oarspronklik stavere as ''Præsten i Vejlbye''), is in koarte [[histoaryske roman|histoaryske]] [[novelle]] fan 'e hân fan 'e [[Denemark|Deenske]] [[skriuwer]], [[dichter]], [[oersetter]] en [[predikant]] [[Steen Steensen Blicher]] ([[1782]]-[[1848]]). It wie it earste Deensktalige [[detektiveferhaal]], dat ferhellet oer it ûndersyk nei in [[moard]] dêr't persoanlike motiven yn behelle reitsje en dat úteinlik op tragyske wize misbeteart. It boek is basearre op in wiere [[moard]] yn it [[Jutlân|Jutske]] doarpke [[Vejlby]], út [[1626]], dêr't Blicher foar in diel oer wist troch de fermelding derfan yn 'e Deenske tsjerkeskiednis fan [[Erik Pontoppidan]], út [[1741]], en foar in diel út [[oerlevering|mûnlinge oerlevering]]. ''De Dominy fan Vejlby'' wurdt beskôge as in [[literatuer|literêr]] masterwurk en Blicher syn [[magnum opus]]. It waard yn [[1829]] foar it earst publisearre. Yn [[2006]] waard it as ien fan mar tsien literêre wurken opnommen yn 'e Deenske Kultuerkanon. De novelle is trijeris ferfilme: yn [[1922]] as [[stomme film]], troch [[August Blom]]; yn [[1931]] troch [[George Schnéevoigt]]; en yn [[1972]] troch [[Claus Ørsted]]. De [[Frysk]]e oersetting fan ''Præsten i Vejlby'', troch [[Gerryt Dykstra]], ferskynde yn [[1952]].
 
==Ynhâld==
It tragyske ferhaal [[fertelperspektyf|wurdt ferteld]] yn it [[ik-perspektyf]], oan 'e hân fan 'e deiboeknotysjes fan Erik Sørensen, de [[skout]] en [[rjochter]] fan it Jutske doarp Vejlby. Sa komt de lêzer yn 'e kunde mei Søren Qvist, in [[lutheranisme|lutherske]] [[dûmny|doarpsdûmny]] mei in koart lontsje, dy't beskuldige wurdt fan 'e [[moard]] op syn ûnútsteanbere feint Niels Bruus. Dy lêste is nammentlik spoarleas ferdwûn nei't hy en de dûmny op in jûn letterlik slaande deilis rekken. Sørensen, dy't as pleatslike rjochtstsjinner de saak ûndersykje moat, docht dat mei grutte tsjinnichheid, om't er fersein is oan Mette, Qvist syn dochter, mei wa't er oer trije wiken trouwe sil. Bruus syn broer twingt him lykwols om syn plicht te dwaan.
[[File:S Blicher.jpg|rightleft|thumb|180px|Steen Steensen Blicher.]]
{{Plotbedjer}}
Sørensen wol neat leaver as útfine dat dûmny Qvist neat mei de saak fan dwaan hat en sa dizze besmodzging fan 'e goede namme fan syn oansteande skoanheit úwiskje, mar wat mear oft er de saak neirint, wat dúdliker oft Qvist as de dieder yn 'e moardsaak nei foarren ta komt. Almar mear tsjûgen bringe bewiis oan tsjin 'e dûmny, en al stelle al dy stikjes op harsels net safolle foar, allegearre mei-inoar foarmje se slutend bewiis tsjin Qvist. De dûmny sels kin him de moard net mear tebinnenbringe, mar as er mei it bewiismateriaal konfrontearre wurdt, jout er ta dat it net oars kin of hy moat it dien hawwe. Om't er in konsjinsjeus man is, bekent er dêrop de moard en tekenet dêrmei syn eigen deafûnis. Sørensen is, as doarpsrjochter, dan twongen om 'e straf út te fieren, dat hy [[ûnthalzing|ûnthalzet]] de dûmny, wêrmei't Mette, de leafde fan syn libben, foar ivich ûnberikber foar him wurdt. It fanke ferfart earnewêr oars hinne, en Sørensen bliuwt de rest fan syn libben allinnich.
Line 19 ⟶ 46:
 
{{DEFAULTSORT:Dominy fan Vejlby, De}}
[[Kategory:Novelle]]
[[Kategory:Histoaryske roman]]
[[Kategory:Detektiveferhaal]]