Ferskil tusken ferzjes fan "De Stellen Brief"

ynfoboks
(nije side)
 
(ynfoboks)
{{Literatuer
[[File:The Purloined Letter.jpg|thumb|right|250px|Dupin ûntfytmannet de minister de brief.]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''De Stellen Brief''
| oarspr. titel = ''The Purloined Letter''
| auteur = [[Edgar Allan Poe]]
| taal = [[Ingelsk]]
| foarm = [[koart ferhaal]]
| sjenre = [[detektiveferhaal]]
| skreaun =
| 1e publikaasje = [[1844]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer =
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel = ''Tales by Edgar A. Poe''
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''De Stellen Brief''
| publikaasje = [[1989]], yn ''[[Frysk en Frij (wykblêd)|Frysk en Frij]]''
| útjouwer =
| oersetter = [[Lieuwe H. Bouma]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
'''''De Stellen Brief''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''The Purloined Letter''''', is in [[koart ferhaal]] fan 'e hân fan 'e ferneamde [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[skriuwer]], [[dichter]], [[redakteur]] en [[literatuer]]kritikus [[Edgar Allan Poe]] ([[1809]]-[[1849]]). It is it trêde fan syn trije [[detektiveferhaal|detektiveferhalen]] mei de fiktive [[Parys]]ke [[priveedetektive]] C. Auguste Dupin yn 'e haadrol (de oare beide binne: ''The Murders in the Rue Morgue'' en ''The Mystery of Marie Rogêt''). De trije Dupin-ferhalen wurde beskôge as wichtige foarútrinners op it hjoeddeistige detektivesjenre. ''The Purloined Letter'', dat [[fertelperspektyf|skreaun is]] yn it [[ik-perspektyf]], waard foar it earst publisearre yn [[1844]], yn it [[literatuer|literêr]] [[tydskrift|jierblêd]] ''The Gift: A Christmas and New Year's Present for 1845''. It wie tige súksesfol en waard al rillegau werprinte yn in ferskaat oan [[tydskrift]]en en [[krante]]n. Poe fertsjinne wolteld $12 oan 'e earste printinge. It ferhaal waard letter tafoege oan 'e bondel ''Tales by Edgar A. Poe'', út [[1845]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Lieuwe H. Bouma]] datearret fan [[1989]].
 
In hoart letter, as de ferteller tafallich op 'e nij by Dupin te gast is, keart de prefekt werom. Hy hat noch altyd gjin spoar fine kinnen fan 'e brief, en stiet dan ek fersteld as Dupin dy oan oerlanget. Wylst de prefekt halje-trawalje mei de brief nei it sjantaazjeslachtoffer ta set, freget de ferteller oan Dupin hoe't er de brief yn 'e goedichheid fûn hat. Dupin antwurdet dat de Paryske plysje tige kompetint is, mar dat se D. ûnderskat hawwe; om't er [[gedicht]]en skriuwt, giene se derfan út dat er in suffert wie.
{{Plotbedjer}}
[[File:The Purloined Letter.jpg|thumb|rightleft|250px330px|Dupin ûntfytmannet de minister de brief.]]
Dupin leit de ferteller lykwols út dat D. wist dat de plysje tinke soe dat de sjanteur de brief op in yngewikkeld sideplak weibrocht hie, en dêrom bewarre er it ding op in plak dêr't it foar eltsenien te sjen wie. Dupin wie by de minister op besite gien yn dy syn hotelkeamer, dêr't er in suterige, heal teskuorde brief gewaar waard, dy't hoegenamt net liek op 'e brief dy't de prefekt oan him beskreaun hie. Noch ôfsjoen fan 'e steat dêr't it kefert yn ferkearde, wie it opskrift oars en wie de brief net fersegele mei it hartochlike wapen fan 'e famylje S., mar mei D. syn eigen [[monogram]]. Dupin murk lykwols op dat it papier derút seach as wie it earst de iene kant út rôle en doe de oare kant út. Hy konkludearre dat dit wol deeglik de oangeande brief wêze moast, mar dat D. it kefert binnenstbûtenst keard en sa op 'e nij fersegele hie, wylst er doe alles dien hie om it ding der sa suterich mooglik útsjen te litten.
 
==Fryske oersetting==
De [[Frysk]]e oersetting fan ''The Purloined Letter'' waard yn [[1989]] as in twadielich [[fúljeton]] publisearre yn it Fryske [[tydskrift]] ''[[Frysk en Frij (wykblêd)|Frysk en Frij]]''. De fertaling wie fan 'e hân fan [[Lieuwe H. Bouma]].
 
==Keppelings om utens==
*{{en}}[https://en.wikisource.org/wiki/Tales_(Poe)/The_Purloined_Letter ''The Purloined Letter'' op ''Wikisource'']
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Poe, Edgar Allan}}, ''De Stellen Brief'' (oers. Lieuwe Hendrik Bouma), yn: ''Frysk en Frij'', Diel I: 26 aug. 1989; Diel II: 2 sept. 1989.
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/The_Purloined_Letter ''References'' en ''Sources'', op dizze side].
}}
 
{{DEFAULTSORT:Stellen Brief, De}}
[[Kategory:Koart ferhaal]]
[[Kategory:Detektiveferhaal]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]