Testamint fan Izaäk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
ynfoboks, boarnen
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Testamint fan Izaäk''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = [[Hebrieusk]] (?)
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = ûnbekend
}}
It '''''Testamint fan Izaäk''''' is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Alde Testamint]] fan 'e [[Bibel]], yn 'e foarm fan in [[pseudepigraaf]] ûnder de namme fan 'e [[aartsfaar]] [[Izaäk]]. It wurdt gauris behannele as in ûnderdiel fan in soarte fan trilogy mei as de oare beide dielen it ''[[Testamint fan Abraham]]'' en it ''[[Testamint fan Jakob]]'', mar der bestiet gjin reden om oan te nimmen dat de anonime [[skriuwer]] fan it ''Testamint fan Izaäk'' ek ferantwurdlik wie foar dy beide oare geskriften. It is noch net fêststeld wannear't it ''Testamint fan Izaäk'' krekt datearre wurde moat, mar de yngeande [[kristendom|kristlike]] tematyk fan 'e tekst wurdt ornaris beskôge as in lettere tafoeging oan wat oarspronklik in [[joadendom|joadsk]] geskrift west hawwe moat.
 
===Ynhâld===
It ''Testamint fan Izaäk'' set útein as Izaäk troch in [[ingel]] syn oansteande dea oansein wurdt. Dêrop ropt de aartsfaar syn soan [[Jakob (aartsfaar)|Jakob]] by him, en foarseit er de lettere skiednis fan 'e [[Tolve Stammen fan Israel]] en, yn in lettere tafoeging, de komst fan [[Jezus Kristus]]. As der bûten syn tinte in mannichte folk gearkomt, jout Izaäk in preek oer hoe't men jin hâlde en drage moat, en oer hoe't men te [[bycht]] gean moat.
 
Dêrop komt de ingel werom en nimt Izaäk mei nei de [[himel]]. Hy sjocht dêr earst de tramtearring fan 'e sûnders (dy't neffens de skriuwer fan dizze tekst yn 'e himel plakfynt, en net yn 'e [[hel]]), en moetet dan syn ferstoarne heit [[Abraham]]. Izaäk sels is dan noch net rjocht dea, en op befel fan Abraham keart er werom nei de ierde, dêr't er dit testamint optekenet, ear't er stjert en wer nei de himel reizget yn in fleanende striidwein, sa't ek de [[profeet]] [[Elía]] dat docht yn it [[kanon]]ike bibelboek ''[[1 en 2 Keningen|2 Keningen]]'' 2:11.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch [http://en.wikipedia.org/wiki/Testament_of_Isaac dizze side].
}}
 
{{Berjocht:Apokryf}}
Line 11 ⟶ 27:
[[Kategory:Alde Testamint]]
[[Kategory:Deuterokanonike of apokrife boeken]]
[[Kategory:Joadendom]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Joadske literatuer]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]