Evangeelje fan Pseudo-Mattéus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Evangeelje fan Pseudo-Mattéus''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = [[Gryksk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[700]] – [[725]]
}}
It '''''Evangeelje fan Pseudo-Mattéus''''', ek wol bekend as it '''''Berne-evangeelje fan Mattéus''''', is in ferlern giene en algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. De wiere namme fan dit wurk, sa't dy yn 'e [[Aldheid]] brûkt waard, wie ''It Boek oer it Komôf fan 'e Silge Marije en de Bernetiid fan de Ferlosser''. It is in [[berne-evangeelje]], in tekst dy't djipper yngiet op 'e ferhalen oer de bernetiid fan [[Jezus|Jezus fan Nazaret]] dy't yn 'e [[kanonike evangeeljes]] fan ''[[Evangeelje fan Lukas|Lukas]]'' en ''[[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]]'' oanhelle wurde. Fierders is it in [[pseudepigraaf|pseudepigrafysk]] geskrift ûnder de namme fan 'e [[apostel]] [[Mattéus (apostel)|Mattéus]], dat neffens it ûndersyk troch J. Gijsel en R. Beyers, út [[1997]], wierskynlik datearre wurde moat yn it earste fearn fan 'e [[sânde ieu]].
 
===Ynhâld===
It eigentlike ferhaal fan it berne-evangeelje wurdt foarôfgien troch in briefkerij tusken de tsjerkfaar [[Hieronymus fan Stridon]] en de [[biskop]]pen Komatius en Heliodoarus, wêryn't dy beide Hieronymus oantrúnje om in ''"[[Hebrieusk]] boek, skreaun troch de hân fan 'e aldersillichste evangelist Mattéus"'', oangeande de berte fan 'e [[Faam Marije]] en de bernetiid fan Jezus, oer te setten yn it [[Gryksk]]. It folgjende (Gryksktalige) berne-evangeelje soe dus in oersetting wêze troch Hieronymus fan in wurk fan Mattéus, in bewearing dy't hjoeddeiske saakkundigen nei it lân der fabels ferwize. De teory dat Hieronymus it wurk sels skreaun hawwe soe, berêst nei alle gedachten likemin op wierheid.
 
Line 16 ⟶ 28:
[[Kategory:Nije Testamint]]
[[Kategory:Deuterokanonike of apokrife boeken]]
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]