The Vor Game: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Eftergrûn: [[]] oars
Rigel 33:
[[File:Bujold2012.png|thumb|left|250px|Lois McMaster Bujold op 'e ''Finncon''-konvinsje te [[Tampere]], yn [[Finlân]] ([[2012]]).]]
 
Ut al dy eleminten distillearre Bujold úteinlik de roman ''The Vor Game''. Yn it neiwurd fan 'e omnibus ''Young Miles'' merkt se trouwens op dat se mar frijwat muoite hie om it ferhaal yn 'e stringen te hâlden, mei't it alderdusdanichste graach in militêr [[moardmystearje]] wurde woe. ''The Vor Game'' [[fertelperspektyf|is skreaun]] yn it [[personeel perspektyf|personele perspektyf]]. De earste seis haadstikken derfan, dy't in frij ôfrûne gehiel foarmje, waarden yn febrewaris [[1990]] yn ''[[Analog Magazine]]'' publisearre ûnder de titel ''The Weatherman''. Sûnt wurdt derfan grute dat Bujold ''The Weatherman'' earst as in op himsels steande [[novelle]] skreaun hie en pas letter besleat om him út te wreidzjen ta ''The Vor Game'', mar dat wurdt troch Bujold sels ûntkrêfte. Yn it neiwurd fan ''Young Miles'' hâldt hja út dat hja it boek fan it begjin ôf oan al yn 'e holle hie sa't it úteinlik wurden is. ''The Vor Game'' as gehiel kaam yn septimber 1990 yn romanfoarm út by ''[[Baen Books]]''. Neitiid waard ''The Weatherman'' yn 'e mande mei ferhalen fan oare auteurs werprinte as ûnderdiel fan 'e [[blomlêzing]] ''The Space Opera Renaissance'', útjûn troch ''[[Orbit]] US]]'' yn [[2006]], en as [[e-boek]] (titele ''Weatherman'', sûnder lidwurd), yn [[2011]] troch ''[[Amazon Digital Services]]''. ''The Vor Game'' foarme noch yn 1990 ûnderdiel fan 'e omnibus ''Vorkosigan's Game'', tegearre mei de novellebondel ''[[Borders of Infinity]]''. Yn [[1997]] makke it diel út fan in nije omnibus, mei as titel ''Young Miles'', yn 'e mande mei de roman ''[[The Warrior's Apprentice]]'' en de novelle ''[[The Mountains of Mourning]]''. ''Young Miles'' is sûnt teminsten al trije kear werprinte, de trêde kears yn [[2008]].<ref> Bujold, Lois McMaster, ''Author's Afterword'', yn 'e omnibus ''Young Miles'', s. 837.</ref><ref>Bernardi, Michael, ''Full English Bibliography'' (www.dendarii.com).</ref>
 
==Plot==