Fidel Castro: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Alpinu (oerlis | bydragen)
Alpinu (oerlis | bydragen)
L →‎It Bargebaai-ynsidint: Spanish spelling (Maximo -> Máximo)
Rigel 14:
Doe't de Feriene Steaten yn 1962 murken dat de Sowjet-Uny stikum in geheime raketbases op Kuba bouden, besleaten hja ta in blokkade rûnom it eilân. De spanning stige, mar Moskou rop lang om let harren mei raketten laden skippen werom. In kearnoarloch wie op it lêste stuit ôfkeard.
 
De Feriene Steaten soenen noch ferskate kearen besykje om Kuba en harren regearing te ferswakjen en Kastro fan it libben te berôvjen. Castro, dy't him op 3 desimber 1976 ta presidint beneame lit, bleau lykwols fêst yn it seal sitten. De agressive Amerikaanske polityk waard troch him op snoade wize brûkt om by de Kubanen in ienigensgefoel te kweken. Sels de [[ekskommunikaasje]] fan Fidel Castro troch [[Paus Johannes XXIII]] wie foar de katolike Kubanen gjin oanlieding om harren fan 'El Líder MaximoMáximo' te ûntdwaan.
 
Mei help fan de Sowjet-Uny krigen de Kubanen huzen, ûnderwiis, medyske soarch en ferdwûn de earmoede. Nei it útinoar fallen fan de Sowjet-Uny moast Castro nije boarnen fan ynkomsten fine. Dêr slagge hy net goed yn en Kuba rekke yn in djipe ekonomyske krisis. De earder sa ferneamde kwaliteit fan ûnderwiis en sûnenssoarch rûn hurd tebek en ek de fiedselfoarsjenning hapere. En yn eigen lân nimt de opposysje tsjin syn bewâld ta. Mar nettsjinsteande alle swierrichheden dêr't er mei te krijen hat hâldt Castro de macht fêst yn hannen. Troch ''[[Amnesty International]]'' wurdt er beskuldige fan it skeinen fan minskerjochten.