Marije I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L wurk
L wurk
Rigel 34:
 
In wike nei har berte, op [[14 desimber]], waard Marije keninginne fan Skotlân doe't har heit nei de ferlerne [[Slach by Solway Moss]], tsjin 'e Ingelsen, kaam te ferstjerren oan itsij in [[senuwynsinking]], itsij it drinken fan fersmoarge wetter. Neffens in Skotske folksleginde, dy't foar it earst optekene waard troch de [[tsjerke]]herfoarmer [[John Knox]], hearde Jakobus V op syn stjerbêd dat de langferwachte poppe in famke wie (wylst er fansels op in soan hope hie, om syn geslacht fuort te setten). Hy soe doe sein hawwe: ''"It cam wi' a lass and it will gang wi' a lass."'' ("It kaam mei in famke en it sil gean mei in famke.") Dy útspraak ferwiist nei it feit dat syn famylje, it [[Hûs Stuart|Hûs Stuart (of Stewart)]], op 'e Skotske troan kommen wie trochdat de stamfaar [[Walter Stewart, 6e grutsteedhâlder fan Skotlân|Walter Stewart]] mei [[Marjorie Bruce]], de dochter fan [[Robert de Bruce]] troud wie op it stuit dat [[Hûs Bruce]] yn 'e manlike line útstoar. As er it al sein hat, wie Jakobus V lykwols mis dat it regear fan 'e Stuarts mei syn dochter einigje soe; dat barde pas yn [[1714]], doe't de lêste Stuart-keninginne fan [[Grut-Brittanje]], [[Anne fan Grut-Brittanje|Anne]], opfolge waard troch [[George I fan Grut-Brittanje|George I]], de [[Dútslân|Dútske]] [[karfoarst]] fan [[Hannover (keninkryk)|Hannover]].
 
===Jonkheid yn Skotlân===
Mei't Marije noch mar in poppe wie doe't hja de Skotske troan urf, moast der in [[regint]] oansteld wurde om it regear oer it lân waar te nimmen oant hja âldernôch wêze soe om it sels te bewurkmasterjen. Fan it begjin ôf oan waard dêrby tsierd oer wa't it regintskip tawiisd krije moatte soe. Oan 'e iene kant stiene de [[roomsk-katolisisme|roomsen]], dy't [[kardinaal]] [[David Beaton]] foarútskoden, en oan 'e oare kant stiene de [[protestantisme|protestanten]] foar wa't [[Jakobus Hamilton, 2e greve fan Arran|Jakobus Hamilton, greve fan Arran]] it regintskip opeaske. Arran, dy't nei Marije sels de twadde yn 'e line foar de troan wie, basearre syn oanspraak op in ferzje fan it [[testamint]] fan Jakobus V dat troch syn tsjinstanners oan kant reage waard as in ferfalsking. Likegoed wist hy mei help fan meistanners it pleit yn 't earstoan yn syn foardiel te besljochtsjen en regint te wurden. Dat duorre oant [[1554]], doe't keninginne-mem Marije fan Guise him út dy funksje ûntheft wist te krijen, wêrnei't se him sels opfolge.
[[File:Linlithgow_Palace_-_geograph.org.uk_-_1416190.jpg|left|thumb|250px|Linlithgow Palace, dêr't Marije berne waard.]]
 
Underwilens besocht kening [[Hindrik VIII fan Ingelân]] om fan 'e Skotske swakte gebrûk te meitsjen om Skotlân foar iens en foar altyd los te weakjen fan syn âlde bûnsgenoat [[Frankryk]] (en it ynstee fêst te plakken oan [[Ingelân]]). Yn [[1543]] sleat er mei Arran-en-dy it [[Ferdrach fan Greenwich]], wêryn't fêstlein wie dat Marije mei tsien jier trouwe soe mei de Ingelske kroanprins [[Edwert VI fan Ingelân|Edwert]], wêrnei't se fierder ûnder syn eigen tafersjoch oan it Ingelske Hof grutbrocht wurde soe. Under de betingsten fan dit ferdrach soene Ingelân en Skotlân selsstannige lannen bliuwe, dy't lykwols in [[personele uny]] foarmen (krekt sa't yn [[1603]] ek wier-wier barre soe).
 
Hindrik syn snoade plannen rûnen lykwols averij op doe't de faksje fan kardinaal Beaton, dy't in fernijing foarstie fan 'e saneamde ''[[Auld Alliance]]'' mei Frankryk, yn Skotlân wer mear macht krige. Beaton woe Marije by de Skotske kust wei hawwe, dêr't hja kwetsber wie foar [[ûntfiering]] troch fijannen mei in sterke marine (lykas Ingelân), mar Arran wie dêr op tsjin. Dyselde joech lykwols ta doe't Beaton syn wapene oanhingers harren by it paleis te Linlithgow sammelen. Ein [[july]] [[1543]] eskortearre [[Mattéus Stuart, 4e greve fan Lennox|Mattéus Stuart, greve fan Lennox]] de jonge keninginne en har mem mei 3.500 soldaten nei it kastiel fan [[Stirling (Skotlân)|Stirling]], dêr't Marije op [[9 septimber]] fan dat jier yn 'e slotkapel kroane waard.
 
Neitiid goaide Hindrik VIII syn eigen glêzen alhiel yn troch Skotske [[keapfarder]]s dy't ûnderweis wiene nei Frankryk yn beslach te nimmen en de [[keaplju]] sels finzen te nimmen. Dat foel yn Skotlân sa min, dat Arran him bekearde ta it [[roomsk-katolisisme]] en him by de pro-Frânske partij joech. It Ferdrach fan Greenwich waard dêrnei yn [[desimber]] ôfwiisd troch it Skotske parlemint. Dêrop sette Hindrik útein mei wat bekend kaam te stean as syn [[Rûge Hofmakkerij]] (''Rough Wooing''), in militêre kampanje om 'e Skotten te twingen ta in houlik tusken Marije en Edwert. Yn it ramt dêrfan plonderen de troepen fan 'e Ingelske [[Edward Seymour, 1e hartoch fan Somerset|greve fan Hertford]] yn [[maaie]] [[1544]] de Skotske haadstêd [[Edinburch]]. Marije waard dêrop fierder nei it noarden brocht, nei [[Dunkeld]]. Nei't yn [[maaie]] [[1546]] kardinaal Beaton fermoarde wie troch protestantske Skotske eallju en de Skotten op [[10 septimber]] [[1547]] in swiere nederlaach litten yn 'e [[Slach by Pinkie Cleugh]], besleat men de Frânsen om help te freegjen.
[[File:YoungMaryStuart.jpg|right|thumb|180px|Marije omtrint in jier as trettjin.]]
 
Kening [[Hindrik II fan Frankryk]] stelde doe in personele uny tusken Frankryk en Skotlân foar, troch Marije trouwe te litten mei syn doe trijejierrige soan, de lettere kening [[Frâns II fan Frankryk|Frâns II]]. Wylst Ingelske troepen in spoar fan ferwoastging troch it Skotske leechlân lutsen, besleat it Skotske parlemint mei dat plan, it saneamde [[Ferdrach fan Haddington]], yn te stimmen.