Marije I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L wurk
L wurk
Rigel 47:
 
Kening [[Hindrik II fan Frankryk]] stelde doe in personele uny tusken Frankryk en Skotlân foar, troch Marije trouwe te litten mei syn doe trijejierrige soan, de lettere kening [[Frâns II fan Frankryk|Frâns II]]. Wylst Ingelske troepen in spoar fan ferwoastging troch it Skotske leechlân lutsen, besleat it Skotske parlemint mei dat plan, it saneamde [[Ferdrach fan Haddington]], yn te stimmen.
 
===Jonkheid yn Frankryk===
De fiifjierrige Marije waard dêrop oerbrocht nei Frankryk, dêr't se de folgjende trettjin jier fan har libben trochbringe soe oan it Frânske Hof. Hja hie dêr in eigen húshâlding besteande út û.m. har beide ûnwettige healbruorren en de 'fjouwer Marijen', fjouwer famkes fan har eigen jierren út 'e meast foaroansteande [[adel|aadlike]] famyljes fan Skotlân (Beaton, Seton, Fleming en Livingston), dy't allegear fan Marije hieten. Neffens kontemporêne boarnen wie Marije libben, tsjep en fernimstich, en mocht eltsenien oan it Frânske Hof graach oer har, útsein [[Katerine de' Medici]], de frou fan kening Hindrik II. Marije learde [[lút]]spyljen, koe sawol [[proaza]] as [[poëzij]] skriuwe, die oan [[hynsteriden]], [[falkerij]] en [[hantwurk]] en kaam behalven [[Skotsk]] ek [[Frânsk]], [[Italjaansk]], [[Latyn]], [[Spaansk]] en [[Aldgryksk]] floeiend te sprekken.
 
Hoewol't hja har ûntjoech ta in mûlripe en tige lange jonge frou (hja wie 1.80 m, wat útsûnderlik wie foar froulju yn 'e [[sechstjinde ieu]]) en har ferseine Frâns stammere en abnormaal koart wie, koene hja it nei't it skynt goed mei-inoar fine. Op [[4 april]] [[1558]] tekene Marije in geheime oerienkomst wêryn't stie dat se Skotlân en har oanspraken op 'e troan fan Ingelân neilitte soe oan 'e Frânske keninklike famylje yn it gefal dat se sûnder bern kaam te ferstjerren. Tweintich dagen letter troude se mei Frâns yn 'e [[Nôtre Dame (Parys)|Nôtre Dame]] te [[Parys]], en waard de kroanprins kening-gemaal fan Skotlân.
 
Yn [[novimber]] fan datselde jiers kaam Marije har efternicht [[Elizabeth I fan Ingelân|Elizabeth I]] op 'e Ingelske troan nei it ferstjerren fan har âldere healsuster [[Marije I fan Ingelân|Marije de Bloedige]]. Om't Elizabeth berne wie út in houlik dat troch har heit Hindrik VIII sletten wie nei't er him sûnder tsjerklike tastimming skiede litten hie fan syn earste frou [[Katerina fan Aragon]], beskôgen roomsen har lykwols as in ûnwettich bern, dat sadwaande nea yn oanmerking komme meien hie foar de Ingelske troan. Ynstee waard troch de measte roomsen, ek dy yn Ingelân sels, Marije fan Skotlân, as de naust besibbe ôfstammeling fan Hindrik VIII syn suster Margareta, sjoen as de rjochtlike keninginne fan Ingelân. Sadwaande liet Hindrik II fan Frankryk syn soan en skoandochter nei Elizabeth har troansbestiging útroppe ta wiere kening en keninginne fan Ingelân.
 
<gallery>
File:Royal_Arms_of_the_Kingdom_of_Scotland_(1558-1559).svg|It wapen fan Marije as keninginne fan Skotlân en gemalinne fan 'e kroanprins fan Frankryk (1558-1559)
File:Royal_Arms_of_the_Kingdom_of_Scotland_(1559-1560).svg|It wapen fan Marije as keninginne fan Skotlân en keninginne-gemalinne fan Frankryk (1559-1560)
File:Royal Arms of Mary, Queen of Scots, France & England.PNG|It wapen fan Marije as keninginne fan Skotlân en Ingelân en keninginne-gemalinne fan Frankryk (brûkt yn Frankryk foàr 1560)
File:Royal_Arms_of_the_Kingdom_of_Scotland_(1560-1565).svg|It wapen fan Marije as keninginne fan Skotlân en keninginne-dûairiêre fan Frankryk (1560-1565)
</gallery>
 
Op [[10 july]] [[1559]] kaam Hindrik II te ferstjerren oan ferwûnings dy't er oprûn hie by syn dielname oan in [[ridder]][[toernoai]]. Fan gefolgen waard Marije har man doe mei fyftjin jier útroppen ta kening Frâns II fan Frankryk, en sysels ta syn gemalinne. Mei har kaam yn Frankryk de partij fan Guise, de famylje fan har mem, oan 'e macht, oanfierd troch Marije har omkes [[Frâns, hartoch fan Guise]] en [[Karel fan Guise, kardinaal fan Loataringen]].
 
Underwilens ûntstie der ûnder de Skotske protestanten almar mear ûnfrede oer it bestjoer fan Marije har mem, regintesse Marije fan Guise, dy't inkeld troch ynset fan Frânske troepen oan 'e macht bliuwe koe. Doe't begjin [[1560]] protestantske Skotske eallju by it [[Ferdrach fan Berwick (1560)|Ferdrach fan Berwick]] Ingelân oprôpen om troepen nei Skotlân te stjoeren om dêr it protestantisme ta [[steatsgodstsjinst]] te meitsjen, en in [[Hugenoaten|Hugenoatske]] rebûlje yn Frankryk (it saneamde [[Trelit fan Amboise]]) it de Frânsen ûnmooglik makke om fersterkings nei Skotlân te stjoeren, late dat ta koartseftich oerlis tusken Frankryk en Ingelân. Nei de dea, op [[11 juny]] [[1560]], fan Marije fan Guise, kaam de Frânske posysje yn Skotlân hielendal faai te stean. Op [[6 july]] waard dêrom mei de Ingelsen it [[Ferdrach fan Edinburch]] sletten, wêrby't Ingelân syn troepen weromloek en Frankryk Elizabeth erkende as rjochtlike keninginne. It wie de bedoeling dat Skotlân him ek by it ferdrach oanslute soe, mar de santjinjierrige Marije wegere it te tekenjen.