Pest: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
L [[]]
Rigel 4:
 
== Skiednis ==
Al yn de [[Grykske âldheid]] hearsken der epidemyen fan in ûnbekende sykte dy’t letter de namme pest krige. Yn de [[Grykske mytology]] wie it [[Apollo (god)|Apollo]] dy’t dizze sykte mei syn pylken ferspriede. Dat dizze sykte doe al epidemysk west hat is nei alle wissichheid net wier. Ek is it net wis oft al dizze epidemyen en sels de swarte dea wol de sykte is dy’t wy hjoed de dei de pest neame. It is al lang ferlyn en direkt bewiis is net mear foar hannen. De sykte beskriuwingen út dy tiid lizze de klam op ferskillende symptoanen dy’t net altyd by de pest hearre. Analyze fan it ferspriedingspatroan en besmettingswize hawwe ferskillende oare syktes oplevere, lykas it [[Ebolafirus]], it [[Marburgfirus]] of it [[Hantafirus]].
 
Der wurdt tocht dat de oarsprong fan de sykte yn [[Mongoalje]] leit. It is wis dat de earste syktegefallen yn Aazje lizze. Yn Jeropa waard de pest foar it earst fûn yn Itaalje, dêrnei ferspriede de sykte him mei de klok mei: [[Frankryk]], [[Spanje]], [[Ingelân]] yn [[1438]], [[Dútslân]], [[Noarwegen]] yn [[1349]], en as lêste [[Ruslân]] rûn[[1351]].