Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
wurk
Rigel 47:
 
Yn [[1294]] easke Edwert I fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn it Ingelske leger tsjinje soene, dat op it fêstelân fan [[Jeropa]] as ûnderdiel fan 'e [[Hûndertjierrige Oarloch]] tsjin 'e [[Frankryk|Frânsen]] focht. Dat wie sels foar Jan ûnakseptabel, dat ynstee sleat er in bûnsgenoatskip mei [[Frankryk]], dêrby stipe troch syn regearingsrie, dy't dominearre waard troch it mei him ferbûne [[Hûs Comyn]]. Dat betsjutte oarloch mei Ingelân, mar doe't it oare jiers it Skotske leger oproppen waard, wegeren de leden fan it Hûs Bruce en de greven fan [[Gilbert fan Umfraville, greve fan Angus|Angus]] en [[Patrick IV, greve fan March|March]] om oan dy oprop te foldwaan. Ynstee loek it Hûs Bruce him tydlik út Skotlân werom nei harren lânerijen yn Ingelân, en Annandale en Carrick waarden dêrop troch kening Jan yn beslach nommen en oan syn bûnsmaat [[Jan Comyn, greve fan Buchan]] jûn. Yn dy ûnlijige snuorje fûn de jonge Robert noch tiid om tusken de bedriuwen troch mei syn earste frou te trouwen, [[Isabella fan Mar]], de dochter fan [[Domhnall I, greve fan Mar]], mei wa't er yn [[1296]] in dochter, [[Marjorie Bruce|Marjorie]], krije soe.
 
===It begjin fan 'e Skotsk Unôfhinklikheidsoarloggen===
De [[Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch]] begûn op [[26 maart]] [[1296]] mei in Skotske oanfal op 'e Ingelske fêstingstêd [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]], yn [[Kumbria]]. Dat wie net sasear in oanfal fan Skotlân of Ingelân, as wol in oanfal fan it Hûs Comyn op it Hûs Bruce. Sawol Robert syn pake as syn heit wiene nammentlik (efterinoar) warder (foar de Ingelske kening) fan it Kastiel fan Carlisle, en nei it ferlies fan Annandale en Carrick oan 'e Comyns, yn [[1295]], wie Carlisle de wichtichste sit fan 'e Bruces wurden. Robert moat grif holpen hawwe om dizze oanfal ôf te slaan, en dêrby yngeande kennis oangeande de ferdigeningswurken fan Carlisle opdien hawwe. De folgjende kears dat de Skotten foar dizze stêd belis sloegen, wie yn [[1315]], en doe stie Robert oan it haad fan 'e belegerers.
 
De oanfal op Carlisle waard troch Edwert I beäntwurde mei de ferovering fan 'e grinsstêd Berwick-upon-Tweed, wêrnei't er yn 'e [[Slach by Dunbar (1296)|Slach by Dunbar]] it Skotske ferset hielendal de kop yndrukte. Neitiid ûnttroane er Jan fan Balliol, en sette er dy finzen yn 'e [[Toer fan Londen]]. Skotlân waard fan doe ôf oan oerhearske troch in Ingelsk besettingsleger en regearre troch Ingelske bestjoerders dy't Edwert sels oansteld hie. As oanhingers fan 'e Ingelsen krigen de Bruces harren Skotske besittings werom, en de jonge greve fan Carrick en syn heit, de hear fan Annandale, wiene ûnder mear as 1.500 Skotske eallju dy't yn [[augustus]] [[1296]] te Berwick in eed fan trou oan 'e kening fan Ingelân swarden.
 
Minder as in jier letter, yn [[maaie]] [[1297]], briek der lykwols ûnder in [[William Wallace]], in man fan nederich komôf, in opstân tsjin 'e Ingelske oerhearsking út. Robert syn heit naam gjin diel oan dy rebûlje, en loek him op 'e nij werom yn Carlisle. Ut brieven is dúdlik dat er syn soan der mei oandriuw ta besocht te bewegen om [[Jan fan Warenne, 6e greve fan Surrey|Jan fan Warenne, greve fan Surrey]] te stypjen, de Ingelske befelhawwer yn Skotlân, dy't yn 'e fierte oan 'e Bruces besibbe wie. De jonge Robert, lykwols, skynt tsjin dy tiid ûnder de ynfloed rekke te wêzen fan syn pake' freonen, [[Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân]] en [[Robert Wishart]], de [[biskop]] fan [[Glasgow]], dy't har yn [[july]] by de opstannelingen joegen. Robert wie doedestiden 22 jier âld en harke net mear nei syn heite oarders. Hy bejoech him nei Annandale, dêr't er de [[lienman|lienlju]] fan syn famylje gearrôp en him by de opstân oansleat.
[[File:William_Wallace_Statue_,_Aberdeen2.jpg|left|thumb|250px|It stânbyld fan 'e [[Skotlân|Skotske]] frijheidsstrider [[William Wallac]], yn [[Aberdeen]].]]
 
Op [[7 july]] sleaten Robert-en-dy in ferdrach mei de Ingelsen dat bekend kaam te stean as de [[Kapitulaasje fan Irvine]]. Dêrby waard fêstlein dat Skotske eallju nea tsjin har wil oersee yn it Ingelske leger hoege soene te tsjinjen, en waard de oangeande hearen harren opstannigens ferjûn, yn ruil foar it swarren fan in nije eed fan trou oan Edwert. Biskop Wishart, Jakobus Stewart en [[Aleksander Lindsay fan Barnweill]] stiene boarch foar Robert oant er syn jonge dochter [[Marjorie Bruce|Marjorie]] as gizelster oan Edwert útleverje soe. Dat barde lykwols nea, om't Robert koarte tiid letter alwer yn 'e opstân behelle wie.
 
It is mooglik dat Robert koart nei't de Skotten de Ingelsen ûnder Surrey yn 'e [[Slach by Stirling]] ([[1297]]) ferslein hiene, fannijs in oerienkomst mei de fijân sleat. In sterke oanwizing dêrfoar kin wêze dat Edwert nei de Skotske nederlaach yn 'e [[Slach by Falkirk (1298)|Slach by Falkirk]] ([[1298]]) Annandale en Carrick net konfiskearre, sa't er dat wol die mei de besittings fan oare opstannige eallju. Ien histoaryske boarne wol hawwe dat de reden dêrfoar wie dat Robert by Falkirk foar de Ingelsen focht, mar oan 'e oare kant is syn namme net te finen op 'e saneamde ''[[Falkirk Roll]]'', dêr't alle by de slach oanwêzige eallju yn it Ingelske leger yn neamd wurde. Boppedat paste Robert nei de slach yn Annandale de taktyk fan 'e [[ferskroeide ierde]] ta om foar te kommen dat de Ingelsen baat hawwe soene fan harren oerhearsking fan it gebiet, en stiek er om dyselde reden it Kastiel fan Ayr yn 'e brân.
 
Nei de nederlaach by Falkirk stapte William Wallace op as beskermhear fan Skotlân, en waard er opfolge troch Robert en [[Jan III Comyn, hear fan Badenoch]]. De beskermhearen wiene [[regint]]en, dy't it lân bestjoerden yn 'e ôfwêzigens fan 'e kening, mar it twatal Bruce en Comyn krige datoangeande neat foarinoar, mei't de beide rivalen net oer harren skeel hinne stappe koene. Uteinlik waard yn [[1299]] [[William Lamberton]], de biskop fan [[St. Andrews]], as trêde beskermhear tafoege om as midsman te fungearjen tusken de oare beide. Doe't dat ek net holp, stapte Robert yn [[1300]] op as beskermhear en waard er ferfongen troch [[Gilbert fan Umfraville, greve fan Angus]]. Noch wer in jier letter treden Comyn, Lamberton en Angus ek ôf en waarden se ferfongen troch de neutrale [[Jan fan Soules]], in Skotsk patriot dy't útkeazen waard om't er neutraal wie yn 'e striid tusken de Comyns en de Bruces. Soules sette him derfoar yn om Jan fan Balliol wer op 'e Skotske troan te krijen.
 
Nei't yn 'e simmer fan [[1301]] in nije Ingelske ynfaazje fan Skotlân mislearre wie, waard der in wapenstilstân fan njoggen moannen ôfkundige. Om dy tiid hinne ûnderwurp Robert him mei ferskate oare Skotske eallju oan Edwert fan Ingelân, mooglik om't derfan grute waard dat Jan fan Balliol mei koarten frijlitten wurde soe om wer kening te wurden. Dêr bliek lykwols neat fan oan te wêzen. Datselde jiers troude Robert ek mei syn twadde frou, [[Elizabeth fan Burgh]], de dochter fan [[Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster]]. Mei har krige er fjouwer bern: de [[twilling]] [[David II fan Skotlân|David]] (dy't him letter opfolgje soe) en Jan (dy't as bern stoar), en fierders twa dochters, [[Maud Bruce|Matilda]] en [[Margareta Bruce|Margareta]].
[[File:Robert_The_Bruce_Marischal_College.JPG|right|thumb|250px|De kop fan it stânbyld fan Robert de Bruce foar it Marisschal Kolleezje te [[Aberdeen]].]]
 
Yn [[1303]] wist Edwert einlings en te'n lêsten hiele Skotlân te feroverjen, en alle Skotske lieders, mei útsûndering fan William Wallace, joegen har by in plechtichheid yn [[febrewaris]] [[1304]] formeel oan him oer. Hoewol't de Ingelske kening bearde dat Skotlân no weromkeare soe nei de stân fan saken ûnder it regear fan Aleksander III, wie de Skotske ynbring yn it bestjoer fan har eigen lân minym en inkeld foar de foarm, wylst it fannijs Ingelske bestjoerders wiene dy't it foar it sizzen krigen. Doe't op [[5 augustus]] [[1305]] de fuortflechtige William Wallace troch de Ingelsen oppakt waard yn 'e neite fan [[Glasgow]] en op [[23 augustus]] te [[Londen]] [[terjochtstelling|terjochtsteld]] waard, liek de Ingelske oerwinning finaal te wêzen.